Hoofdtekst
De hûnderttûzen
Yn 'e oarloch fytste ik ris mei in man op, dy kaam út Ljouwert. Wy praten sa oer ditten en datten, en doe die dy man my in forhaal.
By ús yn Ljouwert, sei er, wennet in mantsje, dy hat it bot oan 't hert. Hy sutele mei wat boadskipkes en sa kaam er troch de tiid. Mar der siet wol wat aventoer yn. Hy spile ek yn 'e Haachske lotterije. Op in kear dat er wer in lot kocht hie, kamen der in pear hearen oan 'e doar. It wyfke kaam foar.
'Binne wy by dy en dy?'
'Ja'.
'Is jo man ek thús?'
'Nee, hy is by de streek mei wat boadskippen'.
'No, jo man hat de hûnderttûzen wûn yn 'e Haachske lotterije'.
'Is dat wier?'
'Dat en dat nûmer ha jim, no?'
'Jawis'.
'Dan is 't yn oarder. Wy komme dan en dan om it út te beteljen'.
Oh, oh! sei it minske by harsels, doe't de hearen fuort wiene, dit doar ik noait tsjin myn man sizze, hwant dan wurdt er kjel en dat kin net lije mei syn hert. Se tocht noch ris goed nei en doe ornearre se, ik moat mar nei dominij!
'No stiet it der raar foar', sei se tsjin dominij, 'myn man hat de hûnderttûzen wûn en dat doar ik noait tsjin him sizze. Ik bin bang dat er sa'n skrik kriget, dat hy der hinne falt. Soe mynhear dat wol tsjin him sizze wolle?'
'Ei jonge ja, dat sil ik him wol efkes moai fertelle 'Ha mar gjin noed, dêr komt him neat fan oer'.
No, de jûnes, dominij kaam. In kopke kofje en in stik koeke.
'Ha jo hjoed wer wat by de streek west? Hoe giet it? Kinne jo dat wat dwaan?'
'It falt net ta, dominij. Dat gesutel mei in karke past my mar min. En ik fertsjinje der gjin droech brea mei'.
'Nee, jo moasten eins in winkelhûske hawwe'.
'Dat soe 'k ek minlike graach wolle. Mar ja, de sinten, dêr sit it op fêst'.
'Jo spylje oars ek yn 'e Haachske lotterije—as jo no ris fiifentweintich tûzen gûne wûn hienen?'
'Och heden, dominij, wat soe 'k dat graach wolle—dan boude ik my in hiel moai winkeltsje'.
Se praten noch efkes troch, doe sei dominij: 'Mar as jo no ris fyftichtûzen wûn hienen?'
'Och heden, dominij,—dan boude ik my in hiele grutte moaie winkel en dan hoegde ik net mear te suteljen!' 'Mar as jo no de hûnderttûzen ris wûn hienen?' `Dan krigen jo de helte!' sei de man. Dominij waard sa kjel, hy siigde der hinne. Fuort dea!

Beschrijving
Een man uit Leeuwarden had de honderdduizend gewonnen. Zijn vrouw durfde het hem niet te vertellen, omdat hij nogal een zwak hart had. Zij vroeg aan de dominee of hij dat zou willen doen. De dominee ging naar de man toe en hij vroeg wat hij zou doen als hij de honderdduizend zou winnen. De man antwoordde dat hij de dominee de helft zou geven. Van schrik antwoordde de dominee dat hij dan nu de helft wilde.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.367-368
Commentaar
7 december 1971 en 8 februari 1972
Naam Locatie in Tekst
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20