Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE383 - De trije Dykstra's

Een mop (boek), donderdag 19 augustus 1976

Hoofdtekst

De trije Dykstra's
Boppesteand ferhaal hat ek wol ris trije haadpersoanen yn pleats fan ien. It binne dan bygelyks trije de Vriezen, of trije Dykstra's. Dy binne al sa bekend en fan dy trije kin de iene noch sterker stik fertelle as de oare:
Trije Dykstra's sitte te Ljouwert. 'Wat komme wy út in ferneamde famylje, net', seit de iene, 'okkerdeis wie ik te Amsterdam. Ik moast even wat witte en gong nei sa'n kantoar dêr't se ynljochtingen jouwe. Ik frege de juffer efter it loket. Oh, Dykstra, sei se, dan dogge jo sa en sa en jo geane dêr en dêr hinne. Moatte jim neigean: ik kom yn Amsterdam en sy kenne my!'
'Jonge', sei nûmer twa, 'dat is noch neat. Ik wie lêsten yn Parys en dêr komt de kondukteur fan 'e metro op my ôf. De man seit: Jo hjirre, Dykstra, dat fme wy prachtich!'
Doe sei nûmer trije: 'Mar dat moat noch net Iykje by wat my langlêsten yn Amearika oerkommen is'. 'Hoe no sa?' fregen de oare twa. 'Ik kom dêr op Kennedy Airport, en de earewacht stiet opsteld en allegear muzykkorpsen. It fleantúch strykt del en de loper wurdt útlein. Ik kom der út en dêr stiet presidint Nixon op 'e ein fan 'e loper. 'Dykstra man'? seit er, 'bliid dat jo hjir binne. Wolkom yn 'e States!' Hy nimt my mei nei in grutte cadillac en dêr giet de stoet hinne. Wy ride de Fyfte Avenue ôf en dêr reint it fan dy papiersnipels ta wolkom. Wy moasten efkes stopje; der stienen twa Amerikanen en ik hearde de iene tsjin 'e oare sizzen: 'Wa soe Dykstra dêr by him yn'e auto ha?'

Beschrijving

Drie mannen genaamd Dijkstra vertellen sterke verhalen. De eerste vertelt dat een mevrouw in Amsterdam hem herkende. De tweede wordt vriendelijk herkend in Parijs en de derde wordt zelfs door president Nixon in Amerika verwelkomd.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.374

Commentaar

19 augustus 1976

Naam Overig in Tekst

Dijkstra    Dijkstra   

Nixon    Nixon   

Kennedy Airport    Kennedy Airport   

Fyfte Avenue    Fyfte Avenue   

States    States   

Naam Locatie in Tekst

Leeuwarden    Leeuwarden   

Amsterdam    Amsterdam   

Parijs    Parijs   

Amerika    Amerika   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20