Hoofdtekst
Jelle as roeier
Jelle wie sterk, dat koe men oan syn earms en polzen sjen. Hy ferpleatste him in bulte mei 't roeiskouke. En roeie dat er koe! Trouwens, wat koe er net? Yn syn jonge jierren koe er omraak toanielspylje. Dat te Warten woenen se him graach by it toaniel hawwe en te Earnewâld ek. It minste wie, se hienen yn beide doarpen op e'selde dei fan 'e wike rippetysje. Mar op in winter die Jelle yn beide plakken mei. Hoe koe dat?
'Dat koe', sei Jelle, 'teminsten, ik koe it. Yn it Wartenster stik hie 'k in rol yn it earste en yn it tredde bedriuw en te Earnewâld yn it middelste. Nei it earste bedriuw roeide ik as de wjerljocht fan Warten nei Earnewâld, en as it twadde bedrinw dêr dien wie, werom nei Warten. It koe allegearre krekt'.

Onderwerp
VDK 1967* - De bui voorgebleven   
Beschrijving
Jelle is zo goed in toneelspelen dat men hem graag in Wartena en in Eernewoude wil. Dus doet hij in beide toneelstukken mee. Op een dag is de repetitie van beide stukken. Dat is geen probleem. Het eerste bedrijf speelt hij in Wartena, dan roeit hij snel naar Eernewoude voor het middelste bedrijf en dan weer terug naar Wartena voor het derde bedrijf.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 388-9
Commentaar
2 oktober 1978 en 19 december 1978
De bui voorgebleven
Naam Overig in Tekst
Jelle   
Wartenster   
Naam Locatie in Tekst
Warten   
Earnewâld   
Wartena   
Eernewoude   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20