Hoofdtekst
De pet
Jelle de Wal fertelde ek, dat er katte-eagen hie. Hy seach by tsjuster better as oerdei en wat tsjusterder, wat mear as er seach. Dat haw ik net heard, mar lêzen yn it 'Het Princehof' fan Evert Zandstra. Dêr stiet net by dat dit op Jelle slacht, mar dat moat wol sa wêze—by wat der op folget, binne dingen dy't Jelle altyd fan himsels fertelde.
Wat nijs yn Zandstra syn boek is it ferhaal fan 'e pet. Dat wie ien fan syn aventoeren út 'e mobilisaasjetiid (14-18). Jelle wie nedich oan in nije pet ta, mar nearne wie in pet te besetten. Doe ûntdiek er te Ljouwert foar 't finster fan in rommelwinkeltsje yn in efterôfstrjitsje in pracht fan in pet. Binnen wiisde er de pet oan: 'Dizze!' It winkelfanke seach him strak oan. Se wifke, mar hy die gjin lichten. Ja, it wie wol wat in nuver bestek fan in pet, mar sa krekt koe men net mear sjen en it like wol in sterken-ien. Yn 't fjild koe it ek wat lije.
Yn in kroechje yn itselde strjitsje noch naam hy der in buorrel op. Mar hy seach raar op, doe't der ien yn kaam mei krekt deselde pet op. En dy gyng njonken him sitten. 'Soa, dus dêr wiest al', sei de frjemde man. 'Dat sjochste', sei Jelle. Se namen noch ien. 'Sille wy dan no mar?' frege de oare. Jelle liet neat skine, ek net doe't der bûtendoar in tredde man mei in gelikense pet op by kaam. Se makken in hiele tocht troch efterôfstrjitsjes en by sûphúskes en pakhúskes lâns. De pet wie it teken dêr't de leden fan in binde swarte hannelers inoar oan kenne koenen. En Jelle kaam thús mei alles wêr't se mar ferlet fan hienen.

Beschrijving
Jelle de Wal wil een nieuwe pet kopen. Hij ziet er een in een winkel, koopt deze en gaat naar een kroeg. Hier wordt hij aangesproken door een man met eenzelfde pet. Vervolgens komt er nog iemand met eenzelfde pet binnen. Ze nemen hem mee en maken een hele tocht door achterafsteegjes en langs pakhuizen. De pet blijkt een teken te zijn van een bende zwarte handelaren.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 388
Commentaar
14 december 1978
Steenbeek heeft het verhaal bij Evert Zandstra gelezen: Evert Zandstra: Het Princehof. Amsterdam 1948, p. 178.
Naam Overig in Tekst
Jelle de Wal   
Het Princenhof   
Evert Zandstra   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20