Hoofdtekst
Jelle as roeier
Fan dit ferhaal is noch moaier lêzing. Jelle moast yn Grou op it gemeentehûs wêze. Hy ferstrûpte him, in kreas bûsgroentsje oan, en in gummyboarde om. Dy droegen se doe wol, in losse, wite gummyboarde. Jelle wie in lyts eintsje ûnderweis en doe helle him in sleepboat yn, ek wer ien dy't sûnder sleep foer. Jelle tocht, dat ding wol 'k foar bliuwe, dat hy begûn te roeien, om 't leven. Mar dêr krige de sleepboatkaptein grif aardichheid oan en dy skepte noch wat koalen op—it wie noch in stoomsleepboat. Dat it waard op 't lêst in race, mar Jelle koe foar bliuwe.
'En doe op 'e Pikmar gong it der om. Dy man woe winne en hy sette de feilichheidsklep fêst. En midden op 'e Pikmar dêr barste de tsjettel! Sadwaande haw ik de race wûn, mar doe't ik te Grou oankaam, wie myn gummyboardsje raand'.

Onderwerp
VDK 1967* - De bui voorgebleven   
Beschrijving
Jelle moet naar het stadhuis en heeft een gummiboord om. Als hij hierheen roeit, wil een stoomsleepboot hem inhalen. Hij wil deze boot voor blijven. De kapitein gooit extra kolen in de ketel om zo hard mogelijk te gaan. Dan ontploft de ketel. Jelle wint de race, maar zijn gummiboord is gesmolten.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 389-390
Commentaar
2 september 1978
De bui voorgebleven
Naam Overig in Tekst
Jelle   
Pikmar   
Naam Locatie in Tekst
Grou   
Grouw   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20