Hoofdtekst
Jelle as roeier
Der binne in bulte ligersferhalen fan ien dy't op 'e fyts in bui foar bliuwe koe, mar Jelle koe it roeiendewei. Dat ferhaal ken elk yn 'e streek. Jelle hie mei de skou nei Grou west en wylst er weromroeide, begûn de loft te stomen. Oer Grou kaam in grouwe bui oansetten, út it westen wei. Dat Jelle tocht, ik wit der neat fan, dêr kin ek wol tonger út komme. Ik moat sjen, dat ik thúskom. Hy begûn fiks oan 'e riemmen te Iûken. De bui kaam der al oan. De grins fan sa'n bui kin soms tige skerp wêze, foaral op it wetter kin men dat sjen. Op 't lêst wie 't sa, hy het de drippen op 't skoushúske hân, mar fierder binne se net kommen en Jelle sels is droech bleaun.

Onderwerp
VDK 1967* - De bui voorgebleven   
Beschrijving
Jelle kan zo hard roeien dat hij een regenbui voor kan blijven. Alleen het achterste van zijn boot is nat als hij in Grouw aankomt.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 390
Commentaar
4 september 1978
De bui voorgebleven
Naam Overig in Tekst
Jelle   
Naam Locatie in Tekst
Grou   
Grouw   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20