Hoofdtekst
Om in side spek
It wie yn 'e stedsherberch te Frjentsjer. Hy bestiet noch, dy herberch, oan 'e Ljouwerter kant. Dêr sieten in stikmannich manlju en dy fierden allegear in steil wurd. It gong oer har froulju. De iene spriek noch mear as de oare. Gjin frommis wienen se bang fan, lit stean fan her eigen. Dy moast it mar ris weagje en skuor in grutte bek op, dan soenen se it har wol oars leare.
Doe sei de kastlein: 'Sjoch ris minsken, it is mar sa'n aardichheidsje. Jim swetse en sweare no wol, dat jim net bang fan jim froulju binne, mar dêr woe ik wol ris in weddenskip mei jimme oer oangean'.
'Soa, in weddenskip. En wêr dan om?'
De kastlein gong nei efteren en kaam werom mei in moaie side spek. Hy sei: 'Dy't der no werklik-wier foar stiet, dat er thús baas is en net bang fan syn wiif, dy kin dizze side spek fertsjinje'. Allegear makken se gading oan dat spek. De kastlein naam se ien foar ien op it harspit. Mar doe't er har der op ferge, dy manlju, sa fan, doare jim dit wol sizze tsjin 't wiif en doare jim dat wol dwaan, doe strûpten se der allegear foar op. Op ien nei—Grutte Huite, in boer fan bûten de stêd.
'No, no', sei Grutte Huite, 'jou my dat ding mar mei, hear. Ik bin fan gjin wiif bang, fan gjin tûzen wiven'.
'Is 't wier?' frege de hospes.
'Ja, ja, dat is sa!' rôpen de oaren, 'Huite jout nearne net om; dy kinne jo dat spek mar gerêst jaan'.
No moei. De kastlein sei: 'Dus, do stiest der foar, Huite?'
'Jawis, hoe soe 'k derom lige, man! In frommis, dêr ha 'k de gek mei. Wat sille wy no belibje!'
'Hjir dan!' sei de kastlein, 'hjir, doch him ûnder de jas, oars hat it sa'n each by de bûtenminsken'.
Dy side spek wie noch al fet. 'Ja mar ho', sei Huite, 'dat kin net, samar ûnder de jas mei dat fette spek. Wat sil myn wiif dan wol net sizze? De hiele jas wurdt fet en dan swaait der wat by her!'
'Ik hear it al', sei de kastlein, 'do krigest de side spek net, want do doarst him net ûnder de jas ha, omdatst bang bist fan dyn wiif'.

Onderwerp
VDK 1375a* - Ham voor de man die zijn vrouw de baas kan   
Beschrijving
Een kastelein looft een spek uit voor degene die thuis niet bang voor zijn vrouw is en zelf de baas is. Hij vraagt de mannen of ze het een of ander thuis durven te zeggen of doen. Uiteindelijk lukt het een man om hem te overtuigen en hij wil het spek aannemen. Hij valt echter door de mand als hij weigert het vette spek onder zijn jas te stoppen, omdat hij dan ruzie met zijn vrouw zal krijgen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 394-5
Commentaar
7 november 1972 en 8 juli 1974
Ham voor de man die zijn vrouw de baas kan
Naam Overig in Tekst
Grutte Huite   
Naam Locatie in Tekst
Frjentsjer   
Franeker   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20