Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ypfoe417 - De pet en de skûdeldoek

Een mop (boek), vrijdag 11 februari 1972

Hoofdtekst

De pet en de skûdeldoek
In feint en in faam smieten de lapen gear. De breugeman hie boerefeint west en hy hie him by in boer besteld as arbeider. De jongelju mienden it inoar en hienen de bêste foarnimmens. De man sei tsjin syn jong wyfke: 'Ik bin wol ris wat koartoan. Mar do moatst hjir om tinke—as ik thúskom by de boer wei en it sin stiet ferkeard, dan ha 'k de pet wat skean op. Bywannear't dat it gefal is, dan moatst my wat heine'.
No, dat wie bêst. Mar de jonge frou sei der oerhinne: 'Ik haw ek wol ris in min sin om it ien of 't oar, en dan is it net bêst. Mar ik sil dy allyksa warskôgje: dan hingje ik in skûdeldoek oer 't rekje bûtendoar'.
No, hy kaam al ris thús mei de pet skeef op en dan heinde hja him. In oare kear hong de skûdeldoek oer it rekje, dan wist hy, hoe let as 't wie. Dat gong allegear bêst.
Mar op in kear hie er spul mei de boer hân en dêr kaam er oan, de pet op ien ear en in sin as in baarch. Mar o wei my: dêr hong de skûldoek ek oer 't rekje en de jonge frou hie 't mâl fel oan. Doe rûn it mis—by it krijen om 't ôf. Lykwols, it duorre mar efkes, doe barsten se beide yn laitsjen út, want de pet en de skûdeldoek kamen har yn 't sin. Sadwaande holp it middel doch noch.

Beschrijving

Een man en een vrouw spreken af dat als een van hen slechtgehumeurd is, deze de ander met een teken zal waarschuwen. De man zal dan zijn pet scheef opzetten en de vrouw zal de vaatdoek buiten hangen. Op een dag komt de man van zijn werk terug met zijn pet scheef op, maar ook de vrouw is in een niet best humeur en heeft de vaatdoek buiten gehangen. Dan gaat het mis en het komt bijna tot handgemeen. Dan schiet hen echter de pet en de vaatdoek te binnen en barsten ze in lachen uit. Zo helpt het middel dan toch.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 395

Commentaar

11 februari 1972

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20