Hoofdtekst
It meest útoefene berop
In kening woe ris witte, hokfoar berop as it meast útoefene waard yn syn ryk. Hy frege syn hofnar, wat de minsken it measte by de ein hienen, en doe sei dy: 'De measten binne dokter'.
'Ei, hoe komst dêrby?' sei de kening, 'hoefolle dokters soenen hjir dan wol net omrinne!'
'No', sei de hofnar, 'dan moatte jo der mar ris om tinke — ik sil it jo sjen litte'.
Doe soe dêr de iene of oare feestlikheit wêze en dêr gong de hofnar by de doar stean mei in doek om 'e holle. De kening stie wat fan siden, sadat de minsken him net seagen, mar hy koe de lju wol sjen dy't troch dy doar kamen en hy koe wol ferstean wat se seinen.
Elk dy't nei binnen gong, frege de hofnar: 'Och hearken jonge, wat mankeert der oan?' 'Ik ha sa'n alderglûpendsten pinemûle', sei de hofnar. 'No, dan moatst dit dwaan', sei de iene, en 'dan moatst dat dwaan', de oare. Dat gong sa mar oan ien tried wei troch. 'Skeelt der wat oan?' Ja, sa en sa. 'No, dan moatst . . .'. De iene goede rie nei de oare. Elk woe de hofnar better meitsje, en elk wist, hoe't dat moast.
Op 't lêst sei er tsjin 'e kening: 'Fan deselden dy't hjir oant no ta lâns kommen binne, wie elkenien noch dokter'. Doe woe de kening dan wol leauwe, dat de hofnar gelyk hie.

Onderwerp
VDK 1862E* - Het meest uitgeoefende beroep   
Beschrijving
Om zijn koning te bewijzen dat het meest uitgeoefende beroep in zijn rijk dat van dokter is, gaat een hofnar met een doek om het hoofd bij de deur staan en doet alsof hij kiespijn heeft. Iedereen die hem passeert geeft hem de een of andere goede raad om hiervan af te komen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 396-7
Commentaar
9 maart 1973
Het meest uitgeoeffende beroep
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20