Hoofdtekst
Rottebrij
Lubbert en Griet koenen fersknorrende min meiïnoar. Lubbert hie ek wol foar 't ferstân, dat Griet him wol fan kant ha woe en dat er mar oppasse koe. Op in moarntiid sei Griet: 'Wy ite hjoed grouwe rys, Lubbert'.
'Moai', sei Lubbert.
Griet gong nei de apteek om rottebrij (of rottefergif, dat is itselde). De oerdei kaam Lubbert by de apteek lâns en doe sei de apteker: 'No moatst hjoed mar tige ite, Lubbert! Want hja hat hjir west om rottebrij, mar ik ha se brune sûker jûn'.
'Moai', sei Lubbert.
No, hy kaam thus en hja hienen de pannen foar har en hja ieten. Lubbert hie in panfol op, doe sei er: 'Wat wurd ik raar, fanke!' 'Hast miskien te roppich iten', sei Griet, 'ik wol net leauwe, dat dy oars wat mankeert. Dû krigest noch mar in pantsjefol'. 'No, toe dan mar'. 'En dan goed wat sûker der oer', sei se, 'dan smakket it dy wat better'.
'Moai', sei Lubbert. En hja skepte him noch in pantsjefol yn. Lubbert iet it op, en dêr foel er hinne. Hja tochte, no is er dea. En hja loek him wat nei it bedsket ta, dêr hinge in tou oan 'e souder, dat rûn oer in katrol. Nou mient in oer, Lubbert hat him ophinge, tocht se. Hja rûn de buorren op en rôp: 'Lubbert hat him ophinge! Lubbert hat him ophinge!'
Mar sa gau hie Griet de hakken net licht, of Lubbert loek de hals út 'e strop en de strop die er om 'e âld kachel.
Op Griete gerop fleagen de buorren dêr yn 'e hûs. Mar it earste dat se seinen wie: 'Lubbert hat him hielendal net ophinge. Der hinget in kachel oan!' Lubbert, dy't út 'e wei krûpt wie, kaam foar't ljocht en sei: 'Ja, hjir is Lubbert. Hja woe my ferjaan mei rottebrij'.
Se hawwe har fansels oppakt en hja binne bymekoar wei gien. Lubbert is letter mei in goed wijf troud en doe krige er ek wol grouwe rys, mar gjin rottebrij der oer.

Onderwerp
VDK 1351f* - Het lijk in de schoorsteen   
ATU 1351F* - The Unsuccessful Murder.   
Beschrijving
Een vrouw wil haar man doden en koopt rattenvergif bij de apotheker. Deze vertrouwt haar niet en geeft haar suiker. Tevens licht hij haar man in. De man eet de suiker op en doet alsof hij dood is. De vrouw bindt een touw om zijn nek, zodat het lijkt alsof hij zich heeft opgehangen. Als zij naar de buren is gehold, bindt de man in zijn plaats een kachel aan het touw. De vrouw wordt opgepakt.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 400-1
Commentaar
22 kuni 1972
Het lijk in de schoorsteen
Naam Overig in Tekst
Lubbert   
Griet   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20