Hoofdtekst
Us mem hat foar har trouwen by in boer wenne, dêr't de keallen altyd dea gongen. Doe gong dy boer nei Antsje Duvelbander ta. Dy frege him of der ek jonges by him yn 'e hûs wienen. "Ja," sei de boer, "wol trije."
"Dan matte dy jonges mar us in joun of hwat oppasse. Hwant der sil in dikke kat foar de koegleskes lâns rinne. Dy kat matte se de poaten brekke. Hwant dat is in tsjoenster. Dy docht it."
De jonges pasten op. Doe seagen se de kat by de koegleskes. Sy smieten de kat de poaten stikken. De oare deis hie in âld minske, dat tichte by har wenne, de skonken brutsen.

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Een boer wordt door Antsje Duvelbander gewaarschuwd dat de kat bij hun behekst is. De drie zoons moeten de kat vangen en haar poten breken. Dit doen zij. De dag daarna zien ze een oud vrouwtje dat vlak bij hun woont, met gebroken benen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 27, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
april 1966 (?)
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
Naam Overig in Tekst
Antsje Duvelbander   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21