Hoofdtekst
Op 't West yn Aldegea stie in boereplaets, dêr doarst net ien sliepe, hwant dêr gong it yn 'e nacht altyd bot oan wei. Dêr reizgen altyd guon om yn 'e stâl en yn 'e skuorre en op 'e souder en dan wie 't in lawaei fan jewelste. Der wenne in man yn Aldegea, dat wie âlde Thomas Elzinga. Dy woe 't net leauwe. It binne praetsjes, sei er. De feint, dy't op dy plaets wenne wist wol better en hy sei tsjin âlde Thomas: dan matte jo hjir mar ris in nacht komme. De feint slepte yn in bêdsté yn 't bûthús en dêr gong âlde Thomas ek lizzen. Mar doe't it tolve ûre woarde, woarde der in timmerkiste op 'e koesouder set, der kom allegear folk oan, dat gong by de leiders op, der woarde mei ark omsmiten, it wie in op en delrinnen en it gong op in slaen en klossen. It wie ien stik allegear lawaei. De âld man woarde deabinaud. It swit roan him by alles del. Sa is er dêr weirekke.
Letter is dy plaets fortimmere, dat it sil wol foartsjirmerij west ha.
Letter is dy plaets fortimmere, dat it sil wol foartsjirmerij west ha.
Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Op een boerderij durft niemand te slapen, want 's nachts is het een lawaai van jewelste. Er klinkt getimmer en gezaag, elke avond lijkt het alsof de boel verbouwd wordt.
Een man wil het niet geloven, dus hij blijft daar een nacht slapen. Om middernacht hoort en ziet hij timmerlui de ladders opklimmen en verschrikt rent hij weg. Jaren later blijkt de boerderij echt verbouwd te worden, het was dus een voorgezicht.

Bron
Collectie Jaarsma, verslag 28, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
14 april 1966
Vorbedeutung anderer Ereignisse
Naam Overig in Tekst
't West   
Thomas Elzinga   
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21