Hoofdtekst
Hjir yn Kollumersweach wenne in man, dat wie in sikere Knjillis Veenstra. Dy wie mei de helm geboaren. Hy hat in protte sjoen, dat in oar net seach. Nachts moest hy der faek ôf.
Op in kear wied er mei in kammeraet yn 'e ûngetiid achter Ljouwert. Hy moest der wer ôf om hwat to sjen. Doe tocht syn kammeraet: "Ik wol us mei him." Hy folge him, sûnder dat Knjillis it fornom. In hiel ein gong Knjillis fuort. Op it lêst kom er werom. Doe sei syn kammeraet: "Hwat hastû altyd in gebongel yn 'e nacht."
"Ja," sei er, "ik ha hwat sjoen. Hjir komt hiel yn 't koart in lykstaesje lâns, mei in wyt hynder der foar."
In wike letter gebeurde it.
As Knjillis der op út gong, gongen de hekken en de doarren fansels foar him iepen, hwant hy moest der troch om hwat to sjen.
It wie meastal yn 'e nacht, dat hy der op útgong, soms ek wol us op dei.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Knjillis Veenstra is met de helm geboren. 's Nachts moet hij er vaak op uit om wat te zien, soms ook overdag. Hekken en deuren gaan dan vanzelf voor hem open. Op een keer vertelt hij dat er binnenkort een lijkstoet voorbij zal komen met een wit paard ervoor. Een week later gebeurt dat ook.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 31, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
april, mei 1966 (?)
Das zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Knjillis Veenstra.   
Naam Locatie in Tekst
Kollumersweach [Kollumerzwaag] (Friesland)   
Ljouwert [Leeuwarden]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21