Hoofdtekst
Der wie in heit, dy hie in hiel moaije dochter. Doe kommen der ris trije feinten, dy't alle trije dy dochter wol ta wiif ha woenen.
Doe frege de heit de trije frijers ien foar ien hwat se koenen.
Mar sy koenen alle trije neat.
Doe stjûrde de heit se fuort en sei: "Jimme matte alle trije in fak leare. Kom mei in jier werom en deselde, dy't it bêste fak leard hat, dy sil mei myn dochter trouwe."
De iene hie it fluitsjen leard. Hwannear't er fluite, dan kommen alle fûgeltsjes út 'e bosk nei him ta om der nei to harkjen.
De twade hie it smidsfak leard. Hy koe sa prachtich smije, dat hy krige bistellings fan alle koaningen op ierde.
De trêdde hie it pottebakken leard.
De heit sei tsjin 'e trêdde: "Dû silst myn dochter ha."

Beschrijving
Drie mannen willen met een beeldschoon meisje trouwen. Ze kunnen niets, zodat de vader ze wegstuurt om een vak te leren. Over een jaar mogen ze terug komen, degene die het beste vak heeft geleerd mag zijn dochter trouwen. De een leert fluiten zodat de vogels uit het bos naar hem komen luisteren. De tweede wordt smid, met veel opdrachten. De derde heeft leren pottenbakken. Hij krijgt de dochter.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 34, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 mei 1966
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21