Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003812

Een sage (mondeling), mei 1966

Hoofdtekst

Doe't heit 65 jier âld wie troude er foar de twadde kear mei âlde Pyt. Pyt hie al twa manlju yn 't graef. Heit hat net lang mei har troud west. Yn 1938 stoar hy oan 'e kanker.
Pyt har bern en wy krigen doe greate rûzje. Wy woenen ús heit op 'e Heide op 't tsjerkhôf ha njonken ús mem.
Pyt woe him yn 'e Ham op 't hôf ha njonken har beide oare manlju.
De fiif dagen dat ús heit boven de ierde stie wie 't hjir in sé fan ellinde. Myn broer Wopke wie dûm. Hy hat nei de burgemeester ta west en hy krige 't foar elkoar dat heit soe hjir op 'e Heide ûnder 'e ierde. Mar ûnderweis nei 't hôf moest de kiste biskerme wurde, oars hienen de bern fan Pyt him nei de Ham ta brocht.
Nei de bigraffenis woarde it testamint foarlêzen.
Heit hie testaminte op 'e langstlevenden. Pyt erfde dus alles en letter soe it har bern tafalle. Dat foel ús allegear bot ôf. Mar Wopke foaral. Dy sei: As ús heit in gelovich man wie, dêr't er him foar útjown hat, dan woe ik wol, as der in Opperwezen bistiet, fan dat Opperwezen wite, hwer't heit bilânne is. Hwant hy tochte fêst, dat heit yn 'e hel kom wie.
Wopke forswearde it Opperwezen mei hege flokwurden.
Doe gong er út 'e hûs wei en doe hat er heit stean sjoen yn it wyt, oan 'e linkerkant fan in brânnend fjûr. Dat wie de hel. Dat seach Wopke allinne mar, net ien fan uzes koe it sjen. Doe kom er by my en hy gûlde.
Ik sjoch ús heit dêr stean, sei er.
Hwer dan? frege ik.
Dêr, sjoch. En hy wiisde nei in plak. Mar ik seach neat. Doe is er yn 't geitehok achter de geiten krûpt, sa krap krige er 't. Hyltyd seach er ús heit.
Ik sei tsjin him: Wopke, swear ús leaven Hear dochs, dat dit foar dy weinom wurdt.
Doe hat er dat dien en 't is gebeurd.
Letter hat er noait wer it Opperwezen forsweard, en hy is in hiel oar man wurden.

Onderwerp

SINSAG 0477 - Begegnung mit Geistern.    SINSAG 0477 - Begegnung mit Geistern.   

Beschrijving

Een man trouwt op zijn 65ste voor de tweede maal. Als hij sterft krijgen de kinderen en de tweede vrouw onenigheid over de plaats waar hij begraven moet worden. De ruzie wordt verergerd als blijkt dat de vrouw alles van de man erft en dat deze erfenis op haar kinderen over zal gaan en niet op de kinderen uit het eerste huwelijk van de man. Wopke, één van de gedupeerden, vloekt hard en ziet vervolgens zijn vader naast een groot vuur van de hel. Hij is de enige die het kan zien. Pas als Wopke belooft niet meer te vloeken, gaat het beeld weg. Wopke wordt een heel ander persoon.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 38, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

? [mei 1966]
Begegnung mit Geistern.

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

âlde Pyt    âlde Pyt   

Opperwezen    Opperwezen   

God    God   

Naam Locatie in Tekst

Ham    Ham   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21