Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA35 - Hoe't it winterkoaninkje oan syn namme komt

Een sprookje (tijdschriftartikel), 1951 - 1954

Hoofdtekst

Hoe't it winterkoaninkje oan syn namme komt
Yn âlde tiden is it ris bard, dat de fûgels in koaning ha woenen. Mar hwa soe dat wurde? Se sprieken ûnder elkoar ôf, dy fûgel, dy't it heechste fleane koe, dy moast koaning wurde.
Sa rekken de fûgels allegaerre oan it fleanen. Fansels koe de earn fierwei it heechst. Mar der wie ien hiel lyts fûgeltsje, dat wie hwat snoader as de oaren. Hwat die er? Hy hipte de earn op 'e sturt, sûnder dat dy dat fornaem. En sa reizge er mei de loft yn.
Doe't de oare fûgels allegaer wer delstrutsen wienen, tocht de earn, nou moat ik ek mar wer nei de ierde ta! Dat die er, mar wylst hipte it fûgeltsje him fan 'e sturt en sette jitris de loft yn en like dus noch heger to kinnen as de earn. En hy rôp oan ien tried wei: "Koaning bin ik! Koaning bin ik!"
Alle fûgels moasten tajaen, dat er it heechst fleane koe, mar net ien dy't it dat lytse ding gunde.
Dêrom stelden se út, dyselde soe koaning wurde, dy't it djipste yn 'e ierde komme koe. Dat wie trewis foar de hinnen. Dy wrotten mei de poaten yn 'e groun om dat de modder der nei fleach. En de einfûgels dûkten yn 'e sleat om mar fier ûnder to kommen. Elk die syn bêst.
It lytse fûgeltsje lykwols roun en hipte mar hinne en wer. Op it lêst, doe foun it in mollegat. Dêr kroep er yn en doe rôp er jitris:
"Koaning bin ik! Koaning bin ik!"
Mar de oare fûgels koenen it net sette, dat dy lytse poarre it nou wer winne soe. Dêrom seinen se tsjin elkoar:
"Hy moat der net wer út, dêr moatte wy om tinke."
Tsjin 'e katûle seinen se:
"Dû moetst de wacht hâlde en der op passe, dat hy yn 'e groun bliuwt."
"Goed," andere de katûle en gong yn 'e hage op 'e loer sitten. Mar doe't er dêr in skoft by dat mollegat sitten hier, waerd er slûcht en doe die er it iene each ticht. It oare soe er mei oppasse. Efkes letter forwiksele er mei de eagen, en dat gong sa in setje troch. Mar doe op in stuit forgeat er by 't forwikseljen it iene each iepen te dwaen wylst er it oare ticht die. Doe hie de katûle beide eagen sletten.
Hwat die doe it fûgeltsje? It hipte fluch út it mollegat wei en rôp:
"Koaning bin ik! Koaning bin ik!"
Ja, doe moasten de oare fûgels it wol tajaen, dat hy harren oermânsk wie en doe krige er de namme fan winterkoaning.
Mar de oare fûgels binne altyd noch lulk op 'e katûle, omt dy net goed oppast hie en dêrfandinne komt is, dat de katûle allinne nachts mar warber is as de oare fûgels sliepe.

Onderwerp

AT 0221 - The Election of Bird-king    AT 0221 - The Election of Bird-king   

ATU 0221 - The Election of King of Birds.    ATU 0221 - The Election of King of Birds.   

Beschrijving

De vogels willen een koning hebben. Ze besluiten dat wie het hoogst kan vliegen, de koning zal worden. De arend vliegt het hoogst, maar een klein vogeltje zit op zijn rug en vliegt nog hoger. De andere vogels willen hem niet als koning accepteren en verzinnen een nieuwe test: wie het diepst in de grond kan komen. Het vogeltje kruipt in een mollegat en wint weer. De vogels zijn boos en houden het vogeltje gevangen in het gat. De uil moet op wacht staan. Als de uil echter indommelt, ontsnapt het vogeltje en proclameert weer dat hij de koning is. Nu moeten de vogels het toegeven, en zo heet het vogeltje voortaan het winterkoninkje. De uil moet voor straf 's nachts wakker zijn.

Bron

Dam Jaarsma: `Teltsjes út 'e Fryske Wâlden fan Anders Bijma', in: It Heitelân 32 (1954) 10, p.173

Commentaar

ca. 1953
The Election of Bird-king

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20