Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA34 - De oarloch tusken fûgels en dieren

Een sprookje (tijdschriftartikel), 1951 - 1954

Hoofdtekst

De oarloch tusken fûgels en dieren
It winterkoaninkje hie jonge fûgels yn 't nêst, dêr 't it och sa mâl mei wie. Mar doe kaem de fokse gau en friet dy jonge fûgeltsjes op.
It winterkoaninkje hie gans fortriet. Mar hy woe it der net sa by sitte litte. Hy rôp alle fûgels by elkoar en forklearre de oerloch oan 'e dieren.
Hja gongen hinne en brûk de mich as spion. Dy waerd der op útstjûrd om to harkjen nei itjinge de dieren útbretten.
"Wel," frege it winterkoaninkje, "hwat hienen de dieren to sizzen?"
De mich andere: "De dieren ha sein, salang de fokse de sturt omheech hâldt fjochtsje wy troch; docht er de sturt omleech, dan moatte wy hurd útfylje."
Hwat die nou it liepe winterkoaninkje?
Wylst de fûgels en de dieren drok oan it fjochtsjen wienen, stjûrde er in ealjebij nei de fokse ta. Dy aeljebij moast de fokse ûnder de sturt sitten gaen en stekke.
Dat die de aeljebij. De fokse fielde ynienen in fûleindigen prip en krige doe sa'n pine dat, hy koe op it lêst de sturt net langer omheech hâlde. Efkes liet er de sturt hingje.
Mar doe't de dieren dat saegen, filen se allegaerre hurd út.
Sa hie it winterkoaninkje de oarloch woun.

Onderwerp

AT 0222 - War of Birds and Quadrupeds    AT 0222 - War of Birds and Quadrupeds   

ATU 0222 - War between Birds (Insects) and Quadrupeds    ATU 0222 - War between Birds (Insects) and Quadrupeds   

Beschrijving

Als de vos de jongen van het winterkoninkje opeet, verklaart het winterkoninkje de oorlog aan de dieren. Er wordt gevochten tussen de vogels en de dieren, en de laatsten zullen doorvechten zolang de staart van de vos omhoog blijft steken. Het winterkoninkje stuurt daarop een bij uit om de vos onder zijn staart te prikken. Nu laat de vos de staart hangen, de dieren vluchten, en het winterkoninkje heeft de oorlog gewonnen.

Bron

Dam Jaarsma: `Teltsjes út 'e Fryske Wâlden fan Anders Bijma', in: It Heitelân 32 (1954) 10, p.172.

Commentaar

ca. 1953
War of Birds and Quadrupeds

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20