Hoofdtekst
Der ried ris in rydtúch troch Hurdegaryp. In deftich klaeid hear stuts de hân op en frege oft er mei ride mocht.
Hwer matte jo hinne? frege it selskip.
Nei Sumar, sei de hear.
O, dêr matte wy ek hinne. It wienen witsjes. Dêr sille wy Japik Ingberts ophelje.
De hear siet ynmiddels al by har yn 'e wein. Hy sei: O, hwat soe dat in great gelok wêze, hwant Japik Ingberts, dat is sa'n greate bandyt. Dy stelt en rooft alles byelkoar.
Doe't se al yn Sumar wienen, en omtrint oan it hûs fan Japik Ingberts ta, sei de hear: "Hjir mat ik der út."
Dat gebeurde. Mar dêr docht dy mynhear samar in sprong oer in wide sleat en dan set er de iene hân op 'e wringe fan in hekke, wylst er mei de oare hân wiuwt en hy ropt: Hearen, nou kin 'k jim mar sizze, dat Japik Ingberts mei jimme riden hat!

Onderwerp
VDK 1525Z* 19 - Japik Ingberts rijdt vermomd mee met zijn achtervolgers   
VDK 1525Z* 13 - Japik Ingberts spring over een brede vaart   
Beschrijving
Een heer krijgt een lift met een rijtuig. In de wagen zitten politiemannen die Japik Ingberts gaan inrekenen. De heer beaamt dat Ingberts een grote bandiet is. In het dorp van hun bestemming verlaat de heer de wagen weer. De heer springt meteen over een grote sloot en roept de politie toe dat ze zojuist de vermomde Japik Ingberts een lift hebben gegeven. Andermaal is hij aan de politie ontkomen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 41, verhaal 11 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
19 mei 1966
De Japik Ingberts-cyclus (Japik Ingberts rijdt vermomd mee met zijn achtervolgers) & VDK 1525Z* 13, Japik Ingberts spring over een brede vaart
Naam Overig in Tekst
Japik Ingberts   
Naam Locatie in Tekst
Hurdegaryp   
Hardegarijp   
Sumar   
Suameer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21