Hoofdtekst
Japik Ingberts woe op 'e Grinzer Klaei ynbrekke yn in herberch. Hy kroep ta de skoarstien yn. Dy siet fol siden spek. Japik Ingberts glied út en kaem mei in side spek nei ûnderen ta. Hy wie roetswart. It joech in soad leven doe't hy dêr sa troch dy skoarstien rûgele mei it spek en fan dat lawaei woarde de kastlein wekker. Dy makke gau ljocht en sa kaem er by de dief.
Mar Japik Ingberts hie gau de side spek oer 't skouder smiten. Hy stapte op 'e kastlein ta mei syn swarte troanje en sei: "Hjir hast spek! Hjir hast spek!" De kastlein tocht net oars as it wie de kweade sels, dy't dêr foar him stie en hy rôp binaud: "Satan, meitsje datst hjir wei komst!"
Japik Ingberts makke dêr handich gebrûk fan en seach om in hinnekommen. De side spek wie to lestich om mei to nimmen, dy smiet er fuort.

Onderwerp
AT 1624B* - The Theft of Bacon   
ATU 1624B* - The Theft of Bacon.   
Beschrijving
Japik Ingberts breekt in een herberg in door zich door de schoorsteen te laten zakken. In de schoorsteen hangen vele zijden spek. Japik valt met een stuk spek naar beneden en het lawaai wekt de kastelein. Als de kastelein licht heeft gemaakt, ziet hij de roetzwarte Japik aan komen lopen die hem een stuk spek aanbiedt. De kastelein denkt dat het de duivel is en stuurt hem weg. Japik vlucht maar moet het stuk spek weggooien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 41, verhaal 12 (Archief Meertens Instituut)
Motief
K419.4 - Stolen bacon offered to the owner.   
Commentaar
19 mei 1966
The Theft of Bacon
Naam Overig in Tekst
Japik Ingberts   
Grinzer Klaei   
Groninger   
Satan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21