Hoofdtekst
Op in nacht gongen Folkert Pol, Bearn Pol en ik nei Sweachster merke ta om fé to driuwen.
Doe't wy op 'e Tille wienen, by in pleats, krekt oer 'e brêge, kom der hwat yn 'e berm lâns, en dat gong it hiem fan 'e pleats op.
Ik sei: Hwat rattelt dat allegearre.
Ja jong, sei Folkert, dat is in nachtmerje.
It wie noait liker as wie 't in âld kleed fan swart plastic lyk as sy se nou wol oer de kuilbulten ha. 't Wie swart en glêd.
Mast ris oppasse, sei Folkert, dy giet nei dizze boer ta. Harkje mar ris.
Wy bleauwen stean. En even letter, ja, dêr gong it yn 'e hynstestâl op in skoppen en traepjen; krekt as wie der oarloch. De nachtmerje wie nei de hynders tagong. Dat ha 'k sels mei bileefd. Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes en yn 'e sturt fan 't hynder. (fgl. Sjoerd Koster sept. '50 B65-29/30)

Onderwerp
SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.   
Beschrijving
Op een nacht gingen Folkert Pol, Bearn Pol en de verteller naar de markt in Zwaag. Bij de Tille kwam er wat langs. Het ging het erf van de boerderij op. Het was een nachtmerrie. Uit de paardestal klonk even later geschop en getrap. De nachtmerrie was naar de paarden gegaan en maakte vlechten in de manen en staart van het paard.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 42, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
24 mei [1966]
Begegnung mit Mahr
Naam Overig in Tekst
Folkert Pol   
Bearn Pol   
Naam Locatie in Tekst
Zwaag   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21