Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004215

Een sage (mondeling), dinsdag 24 mei 1966

Hoofdtekst

Ik ha 't faek sjoen, dat ús hynder de nachtmerje hawn hat. It hynder hie in hynstedek oer, dat wie noch fan ûnder tsjinst wei. 't Wie fêstknope fan alle kanten en 't wie oeral ticht, mei in gat foar de kop, dat dy der troch koe. Ek foar 't boarst wie 't fêst. Dat allinne in minske koe 't los krije. 't Hynder siet ek noch mei in ketting oan 'e balke fêst.
Mar moarns lei it dek njonken him op 'e groun en hy stie los op 'e stâl.
Dat ha 'k net ien kear, mar wol hûndert kear meimakke. De geit woe gjin molke jaen, as de nachtmerje der west hie. Dan wied er droech. Dan hie de nachtmerje him leechmolken.
Doe ha wy nei Ulke duvelbander (Ulke v/d/ Wal) ta west. En dy hat ús medesinen jown foar it hynder. De geit moest út it hok wei en dy kom binnendoar. Doe hienen wy fuort de molke wer, hwant de nachtmerje molk him nou net mear leech. En it hynder wie neat mear mei to rêdden.

Onderwerp

SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.    SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.   

Beschrijving

De verteller heeft vaak gezien dat hun paard de nachtmerrie had gehad. De hengstdoek lag dan 's morgens op de grond en hij stond los in de stal. De geit wou geen melk meer geven als de nachtmerrie geweest was. Die had hem leeggemolken. Ze zijn naar Ulke, de duivelbanner gegaan. Die gaf een medicijn voor het paard en de geit moest weg uit het hok. Toen werd de geit 's nachts niet meer leeggmolken en het paard werd niet meer bereden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 42, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

24 mei [1966]
Begegnung mit Mahr.

Naam Overig in Tekst

Ulke van der Wal    Ulke van der Wal   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21