Hoofdtekst
Skoanmem en Gauke wennen yn dit hûs. Doe binne wy der ynkaem. De flier wie doe noch net fan hout, mar it wienen allegear noch estrikken.
Der wenne in âld mantsje, hjir tichteby. Dy brocht ús alle moarnen sûpe. Mar Griet smiet it altyd fuort, hwant wy fortrouden dy man net.
Mar wy krigen nachts noait in wink yn 'e eagen.
It wie nachts ien stik leven allegear leven oer de flier. Ik sei tsjin 't wiif: It tilt hjir fan 'e rotten, ik sil dy tegels der allegear útbrekke en wy krije in houten flier der foar yn 't plak.
Ik bruts de tegels der út en doe kom der in gat tofoarskyn. Ik sei: Nou ha'k him! Mar sà stapt it mantsje der yn mei syn protsje sûpe en leech wie 't nêst. Der siet neat yn. Doe wie 't my dúdlik hwa't dat leven makke yn 'e nacht. In tsjoenster kin him yn alle beesten foroarje, matte jo tinke.

Beschrijving
In het huis van de verteller was, toen hij en zijn vrouw er in kwamen wonen, de vloer nog niet van hout, maar van tegels. Een oud mannetje van dichtbij kwam hen elke morgen karnemelk brengen. Ze vertrouwden hem niet. Ze konden 's nachts ook geen oog dicht doen, want er was allemaal leven van ratten over de vloer. De verteller heeft toen de tegels er uit gebroken en er kwam een gat tevoorschijn. Maar zo gauw was het mannetje er met zijn karnemelk ingestapt of het gat was weer leeg. Toen werd het hem duidelijk wat dat lawaai 's nachts had gemaakt. Een tovenaar kan zich immers in alle beesten veranderen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 44, verhaal 10
Commentaar
3 juni 1966
Naam Overig in Tekst
Gauke   
Griet   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21