Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004502

Een sprookje (mondeling), woensdag 01 juni 1966

Hoofdtekst

Fan Knoltsje en Hearke
Der wienen ris twa bruorren. Dat wienen Hearke en Knoltsje. Sy wennen njonken elkoar.
Hearke wie great boer, dy hie wol tsien kij, mar Knoltsje hie mar ien kou.
Hearke seach mei forachting op Knoltsje del.
Op in moarn lei Knoltsje syn kou dea op 'e stâl. Doe gong Knoltsje hinne en strûpte it beest. It fel gong er mei nei de merk ta yn 'e stêd. Dat wie in hiel ein rinnen.
De jouns tofoaren gong Knoltsje al op stap en syn paed gong troch in bosk. Midden yn 'e nacht gong er ûnder in beam sitten om efkes út to pûsten en in brochje to bihimmeljen. 't Wie moai ljochtmoannewaer.
Wylst er dêr sa siet, hearde er guon oankommen. Dat wie in tige lûdroftich folkje en Knoltsje tocht: Dat kinne wolris rovers wêze.
Dat hy woarde bang en klom yn 'e beam. It fel fan 'e kou nom er mei yn 'e beam.
Dêr kommen de minsken al oan. It wienen rovers, krekt sa't Knoltsje tocht hie. Sy gongen ûnder 'e beam sitten dêr't Knoltsje yn klom wie. Sy hienen in hiele protte jild by har, dat se stellen hienen. Dat jild bigongen se út to tellen ûnder 'e beam. Knoltsje koe alles sjen.
Mar nei in skoftsje moest er tige noadich hwat wetter kwyt, hy koe 't net langer ynhâlde. Dat hy bigoun to pisjen.
De rovers dêr ûnder woarden kjel en seinen: Daar valt hemels water.
Knoltsje siet neat net noflik dêr yn dy beam en hy forskeukte alris. By it forskeuken foel it fel fan 'e kou út 'e beam.
Doe woarden de rovers noch folle kjeller.
De hemel komt van boven! rôpen se. En sy woarden sa binaud, dat sy stouden fuort en lieten alle jild lizze.
Hwat Knoltsje doe to dwaen hie, dy liet him gau by de beam delsakje. Hy fandele al it jild by elkoar en dat gong yn tûzen hasten wer op hûs ta. It kouwefel liet er lizze.
De oare moarns kom syn broer Hearke by him. Knoltsje liet him it jild fan 'e rovers sjen en sei: Sjoch, safolle jild haw ik bard foar de kouwehûd. Hearke stie forbaesd. Hy sei: As de kouwehûden optheden safolle wurdich binne, dan slach ik myn kij allegear de kop ôf. En hy die it en gong der de oare deis mei nei de stêd ta, dêr't it merk wie.
Mar hy koe der hast neat foar barre. Hy krige yn 'e gaten dat syn broer him to fiter hawn hie.
Doe woarde er pûrrazend. Hy woe wraek nimme en Knoltsje formoardzje.
Knoltsje hie dat wol sahwat yn 'e rekken. Hy tocht: Nou mat ik foarsichtich wêze. De jouns doe't er mei 't wiif op bêd soe, sei er: Nou sliep ik fannacht yn 'e weech en dû mast foar lizze.
Yn 'e nacht kom Hearke mei de bile en sloech it wiif fan Knoltsje de kop ôf.
De oare moarns gong Knoltsje nei stêd ta mei in weinfol koal. Syn wiif hie hy der tusken ynset mei de holle los op 'e romp. Hy stalde de koal út op 'e merk en sette it wiif der tusken. Doe gong er op in distânsje stean om to sjen hwat der gebeure soe.
Dêr kom in frou oan.
Hwat kostet dy koal? frege se.
Mar Knoltsje syn wiif sei fansels neat werom.
Hwat kostet dy koal? frege it minske nochris.
Wer kom der gjin antwurd.
Doe't der foar de trêdde kear nòch gjin antwurd kom, woarde it minske lulk en se joech Knoltsje syn wiif sa'n trewinkel, dat de holle rûgele fan 'e romp.
It minske krige in deaskrik en Knoltsje wie der yn in omsjoch by.
Jo ha myn wiif formoarde! rôp er.
It minske wie sa bot fan 'e wize, dat sy sei:
"Stil, stil. Siz mar hoefolle jild as jo ha wolle, man, as jo jo dan mar stil hâlde!"
Doe neamde Knoltsje in goed heech bidrach en dat krige er ek.
Mei in knoarre jild kom er thús.
Sjoch, sei er tsjin syn broer Hearke, sa'n protte jild haw ik bard foar myn dead wiif. Safolle binne deade froulju tsjintwurdich wurdich.
Doe tocht Hearke: As dat sa is, dan meitsje ik myn wiif èk dea. En hy die it èk.
De oare deis reizge Hearke mei in weinfol koal en syn wiif, dat er deamakke hie, nei stêd ta. Hy die krektsa as Knoltsje. Mar net in minske dy't bod op syn wiif die.
Doe't er thúskom, wied er pûr op Knoltsje. Dat hy pakte him en treau him yn in sek, dy't er goed tichtboun. Dêr ried er mei nei sé ta, hwant hy woe Knoltsje forsûpe.
Doe't er by de sé wie, stuts er even oan yn in herberch, dy't dêr stie. Dêr wie ek krekt in bargekoopman mei in weinfol bargen. Dy koopman gong ek mei yn 'e herberch.
Hearke hie de sek bûten by de wein delset. Doe hearde Knoltsje ien oankommen.
"Ik wol der út!" rôp er. De man bleau stean en makke de sek los. Knoltsje kom der út tofoarskyn. Hy helle gau in baerch út 'e wein en die dy yn 'e sek en knope doe de sek goed fêst.
Doe seach er, dat de bargekoopman de jas op 'e wein lizze litten hie en dat de portefeuille der ta'nút stuts. Knoltsje snapte gau de portefeuille, dy siet stiiffol jild.
En doe makke er dat er thús kom.
Syn broer Hearke gong mei in boatsje in ein de sé yn en smiet de sek mei de baerch der yn oer board.
De oare deis seach er raer op, doe't Knoltsje der oankom.
Hwer komstû wei? sei er.
Ut 'e sé, sei Knoltsje. En mast ris sjen, hwat ik allegear net meinaem ha. En doe liet er alle jild sjen, dat er de bargekoopman ûntstellen hie. Dat lei allegear op 'e boaijem fan 'e sé. Der lei noch folle mear.
Doe tocht Hearke: Jonge noch ta, dêr mat ik ek hinne. Hwant hy woe ek graech in protte jild ha. En hy die it ek. Op itselde plak dêr't er de sek yn 'e sé smiten hie, died er in sprong út 'e boat wei en hy woarde yn it wetter wei.
En Knoltsje hat him noait wer sjoen.

Onderwerp

AT 1535 - The Rich and the poor Peasant    AT 1535 - The Rich and the poor Peasant   

ATU 1535 - The Rich and the Poor Farmer.    ATU 1535 - The Rich and the Poor Farmer.   

Beschrijving

Van twee broers die naast elkaar wonen is de één een grote boer met tien koeien. De andere broer heeft maar één koe. Als die koe dood gaat gaat hij met het koeievel naar de markt in de stad. Onderweg hoort hij rovers aankomen en klimt in een boom. De rovers tellen onder de boom gestolen geld. Na een tijdje kan de boer zijn plas niet langer ophouden en plast. De rovers worden bang en denken dat er hemels water valt. Bij het verzitten valt het koeievel uit de boom, waardoor de rovers denken dat de hemel naar beneden valt. Ze vluchten en laten het geld liggen. De boer neemt het geld mee naar huis, het koeievel laat hij liggen. Hij vertelt zijn broer dat hij het geld voor de koeiehuid heeft gekregen. De broer slacht al zijn koeien, gaat met de koeiehuiden naar de markt, maar brengen nauwelijks iets op. Hij krijgt in de gaten dat hij
is bedrogen en wil zijn broer vermoorden. Die laat echter zijn vrouw 's nachts vooraan liggen, waardoor zij wordt gedood.
De kleine boer trekt met een wagen kool naar de stad, en neemt zijn vrouw en haar hoofd mee. Hij stalt de kool uit met daartussen zijn vrouw er tussen met haar hoofd los op de romp. Een vrouw die haar voor de derde keer de prijs vraagt en geen antwoord krijgt slaat haar waardoor het hoofd van de romp valt. De boer beschuldigt haar van moord, waarop de vrouw hem een hoge schadevergoeding geeft. Als de boer zijn broer vertelt dat hij veel geld voor zijn dode vrouw heeft gekregen, doodt deze zijn vrouw. Ook hij gaat met kolen en zijn dode vrouw op de markt staan, maar zonder resultaat. Hij stopt zijn broer in een zak om hem in zee te verdrinken. Onderweg steekt hij bij een herberg aan waar een wagen met varkens staat. De broer in de zak roept dat hij er uit wil waarop iemand de zak openmaakt. Hij stopt een varken in de zak, haalt uit de jas van de varkenshandelaar diens portefeuille en gaat naar huis. Als de broers elkaar weer zien laat de kleine boer het geld zien en vertelt dat hij dat op de zeebodem heeft gevonden waar nog meer ligt.
De volgende dag springt de grote boer op dezelfde plek waar hij de zak overboord hheeft gegooid het water in. Hij is nooit meer gezien.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 45, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

1 juni 1966
vgl. AT 1653: Rovers onder de boom
The Rich and the Poor Peasant

Naam Overig in Tekst

Knoltsje    Knoltsje   

Hearke    Hearke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21