Hoofdtekst
Hoe't de nachtegael syn stim fortsjinne hat
Us leaven Hear hie alle fûgels byelkoar roppen op in forgadering. Doe frege er har of se tofreden wienen mei it pakje, dat se oan hienen. De iene fûgel sei, hy woe noch wol hwat wite fearkes der by ha, in oaren blauwe, wer in oaren giele en sa woe elk noch wol hwat fearren der by ha. Hwant sy woenen allegear graech moai wêze.
Mar der wie ien fûgel by, dy hie hielendal neat sein. Dat wie de nachtegael. Doe't Us leaven Hear him frege of hy ek oare fearren winske, sei er dat er mei syn pakje wol tofreden wie.
In skoft letter wie der in sangwedstriid.
Alle fûgels wienen oan it sjongen. Se dienen allegear tige har bêst. Hwant elk woe graech de moaiste stem ha.
Mar de nachtegael siet yn 'e beam en song boven alles út. Elkenien moest tajaen, dat hy fierwei moaist song.
Omt er sa tofreden wie hie ús leaven Hear him de moaiste stem jown.

Beschrijving
Onze lieve Heer vraagt aan de vogels of ze tevreden zijn met hun verenpak. Elke vogel heeft nog wel iets te wensen, alleen de nachtegaal niet. Bij een zangwedstrijd zingt de nachtegaal het mooist van alle vogels. De lieve Heer heeft hem de mooiste stem gegeven omdat hij zo tevreden was.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 47, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
10 juni 1966
Naam Overig in Tekst
Heer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21