Hoofdtekst
De twa potten mei jild.
Der wie us in man, dy wie oan 't dollen ûnder in beamke. Dat beamke woe net rjocht út ein sette en hy makke de groun hwat losser. Hy dolde der omhinne, en doe kom der in potsje to foarskyn mei in lid der op. Dat potsje siet fol mei goudene munten.
Der siet lêzen op dat lid, mar dat wie yn in fremde tael. Dat koe dy man net lêze.
Doe kom der ris in fremde man by harren. Dy seach dat potsje dêr stean. Hy sei: Hwat is dat in aerdich potsje.
Dêr stiet op:
Onder deze pot staat nog een pot,
die is meer dan helte groter dan deze pot.
Doe bigong de man wer to dollen en doe kom der in pot tofoarskyn, dy't helte greater wie as de foarige. En dy siet ek fol goudstikken.
De man wie ryk woarn en it beamke, dêr't dy beide potten ûnder sieten, bigong doe útein to setten.

Beschrijving
Bij het losser maken van de grond rond een slechtgroeiende boom vindt iemand een pot met gouden munten. De tekst op het deksel kan de man niet lezen, tot iemand hem vertelt dat op het deksel staat dat onder de pot nog een grotere pot staat. De man graaft de tweede keer een pot met goudstukken op die de helft groter is dan de vorige. Het boompje begint dan goed te groeien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 47, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
10 juni 1966
Vgl. AT 1645 The Treasure at Home.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21