Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004906

Een sage (mondeling), dinsdag 14 juni 1966

Hoofdtekst

To Suwâld by 't Krúswetter lei in tichtsetman mei syn aekje. It gebeurde him wit hoe faek, dat, as er oan 'e súdkant lei fan it tichtset, dat him dan de kettings op 'e aek smiten woarden om in ûre of tsien sahwat yn 'e joun. Lei er oan 'e noardkant, dan wie der neat to rêdden.
It wienen twa neakene berntsjes dy't it dienen. De tichtsetman is nei de dûmny fan Suwâld ta gong en hy hat him frege of er dy berntsjes oansprekke woe.
De dûmny gong der hinne, hwant hy woe 't wolris sjen. Doe't it sahwat tsien ûre wie, sei de man fan 't aekje: "Nou der mar even út."
Sy stienen dêr in skoft, doe sei er: "Sjoch, dûmny, dêr komme twa lytse berntsjes oan."
Doe't dy berntsjes oan 'e kant ta wienen, spruts de dûmny har oan. Hy frege, hwat se moesten.
Doe fortelden se, se wienen dêr op dat plak fan kant makke woarn. Se hienen gjin bierklean mei krige en nou hienen se gjin rêst.
De dûmny frege of dat to forhelpen wie.
Doe seinen se, dat hy moest de earste frou oanhâlde, dy't him tomjitte kom. Dat gebeurde. It earste wiif, dat er tsjinkom, dat hâldde er oan. Doe fortelde er har it gefal fan dy berntsjes. Hy wiisde har in winkel oan, dêr't se bierguod keapje koe. Hja hat it dien en it guod woardde de oare deis op it aekje lein.
It guod woarde útelkoarskuord troch de berntsjes.
Mar nei dy tiid hat de tichtsetman noait wer lêst hawn. De berntsjes wienen holpen.

Beschrijving

Bij Suawoude bij het Kruiswater lag een visser met zijn aak. Het gebeurde vaak dat 's avonds om een uur of tien de kettingen op zijn aak werden gegooid. Het waren twee naakte kinderen die dat deden. De visser heeft toen de dominee gevraagd of hij de kinderen wilde aanspreken. Ze vertelden dat ze op die plaats van kant gemaakt waren. Ze hadden geen lijkkleed gekregen en nu kregen ze geen rust. De dominee hield de eerste vrouw aan die hem tegemoet kwam. Die heeft toen een lijkkleed gekocht. Het kleed werd door de kinderen uit elkaar gescheurd, maar sindsdien heeft de visser nooit meer last van ze gehad.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 49, verhaal 6

Commentaar

14 juni [1966]

Naam Overig in Tekst

Kruiswater    Kruiswater   

Naam Locatie in Tekst

Suawoude    Suawoude   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21