Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004907

Een sage (mondeling), dinsdag 14 juni 1966

Hoofdtekst

Japik Broersma wie ôfgryslike sterk. Op in snein-to-joun soed er nei de faem ta. Dy wenne op Feanwâldsterwâl. Mar hy stuts earst by Fedde oan om in forsterkinkje.
Dy hie dêr in kroech. Japik wie in beam fan in keardel mei hannen as slaeijen.
It wie yn dy tiid gewoante, dat as in fremdenien yn Feanwâldsterwâl nei de faem ta gong, dan woarde dy troch it jongfolk yn 'e feart smiten.
Der sieten dy jouns mear mannen by Fedde. Twa gongen der út om Japik op to wachtsjen. Dy woenen mei him ôfweve.
Doe't er der útkom, seinen se: "Hwer silst hinne?"
"Dat sille jimme aenst wol sjen", sei Japik.
Doe seinen se tsjin him: "Sjochst dat wetter wol?" Mar doe krige Japik dy twa beet en hy die mei har wol tsien kear krekt as mei in harmoanika. Hy sei: "As jimme nou net gau meitsje, dat jimme hjir wei komme, dan smyt ik jimme oer de bovenleuning fan 'e brêge hinne."
De twa woenen 't wol leauwe.
De sneins dêroan kom Japik wer by Fedde. Doe wienen dy beide oaren dêr ek. Mar sy ha Japik noait wer lestich west.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Japik Broersma was verschrikkelijk sterk. Op een goede avond zou hij naar een meisje toegaan, maar hij ging eerst bij de kroeg van Fedde langs voor een versterkinkje. Het was de gewoonte dat als een vreemdeling in Veenwouderwal naar een meisje ging, hij door het jonge volk in de vaart gesmeten werd. Twee van hen wachtten Japik op, maar Japik pakte ze beet en heeft ze wel tien keer tegen elkaar geslagen als met een harmonika. Ze hebben Japik nooit meer lastig gevallen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 49, verhaal 7

Commentaar

14 juni [1966]
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Japik Broersma    Japik Broersma   

Fedde    Fedde   

Naam Locatie in Tekst

Veenwouderwal    Veenwouderwal   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21