Hoofdtekst
Der wie us in mem, dy hie mar ien jonkje. Sy kom sa bot yn 'e krapte to sitten, dat sy hie gjin iten mear foar it bern. Doe forkocht se har jonkje oan 'e duvel.
De duvel smiet in protte jild yn 'e hoeke. Mar hy akkoarte mei it minske, hy soe it bern ophelje as it trije jier âld wie.
De mem siet nou rûm yn it jild, mar sy hie der o sa'n lêst fan, dat de duvel nou baes wie oer har bern.
Nei trije jier kom de duvel om it bern to heljen.
Doe hâldde de mem it bern oan 't boarst en omdat se der sa mâl mei wie, smeke se de duvel of se it hâlde mocht.
Doe sei de duvel: As jou bern trije riedsels oplosse kin, dy't ik him opjow, dan meije jo jou bern hâlde.
Doe sei de duvel tsjin 't bern: Hoe diep is de zee?
Een steenworp, sei it jonkje.
Wat is zoeter dan zoet?
Mijn moeders borst, sei it jonkje. Hy hie oars noait to drinken hawn.
En wat is harder dan hard?
Mijn moeders hart. Want zij heeft mij aan de duivel verkocht.
Doe gong de duvel fuort. It bern hie de goeije antwurden jown. De duvel fleach ta de doarren út. Mar 't jild wie ek fuort.
De mem mocht har jonkje bihâlde.

Onderwerp
AT 0812 - The Devil's Riddle   
ATU 0812 - The Devil’s Riddle.   
Beschrijving
Een moeder verkoopt uit geldgebrek haar enige kind aan de duivel. Na drie jaar komt de duivel het kind ophalen, maar de moeder smeekt het te mogen houden. De duivel stemt toe op voorwaarde dat het kind drie raadsels kan oplossen. Het kind geeft de goede antwoorden, waarop de duivel wegvliegt. Het geld verdwijnt ook.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 50, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 juni 1966
The devil's riddle
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21