Hoofdtekst
Jan woarde deatsjoend. Fokke, in broer fan Jan ek. En noch in oare broer fan Jan, dat wie Jochum, dy is ék noch deatsjoend. Jochum wie al troud, doe krige er it sa bot yn 'e rêch, dat hy sprong op krukken. Sa bot wied er bitsjoend troch syn eigen mem Karste Lamke en troch syn muoike. Se gongen doe nei Jonge Jan ta, de duvelbander fan it Wytfean. Dy sei: Jochum mat noait wer hwat oannimme, as is 't ek fan eigen famylje. Dêr hâldde Jochum him earst ek oan, en hy woarde aerdich better. De krukken hoefden net mear brûkt to wurden. Mar doe kom syn muoike op in kear by him mei hynsteljirre. Jochum iet it op en de oare moarns moest er al wer op krukken rinne.
Doe binne de buorlju foar him nei Jonge Jan ta west.
Mar Jonge Jan sei: Nou kin ik him net mear helpe. Hy is nou to fier hinne.
Ridlik gau is er stoarn.
Sipke wie de iennige broer fan Jan, dy't yn libben bleaun is.
De froulju dy't de trije bruorren deatsjoend ha, wienen susters fan Stammerige Harm.
Doe binne de buorlju foar him nei Jonge Jan ta west.
Mar Jonge Jan sei: Nou kin ik him net mear helpe. Hy is nou to fier hinne.
Ridlik gau is er stoarn.
Sipke wie de iennige broer fan Jan, dy't yn libben bleaun is.
De froulju dy't de trije bruorren deatsjoend ha, wienen susters fan Stammerige Harm.
Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Van vier broers worden er drie doodgetoverd door hun eigen moeder en hun tante. Eén van hen krijgt het zo erg aan zijn rug dat hij op krukken moet lopen. De duivelbanner van Wytfean raadt hem aan niets meer aan te nemen van zijn familie. Hij wordt al weer aardig beter, maar dan krijgt hij van zijn tante paarderookvlees. Zodra hij ervan gegeten heeft, is het weer mis. Nu kan de duivelbanner hem niet meer helpen. De vrouwen die de broers doodgetoverd hebben, waren zusters van Harm de Stotteraar.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 60, verhaal 5
Commentaar
25 juni 1966
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Jan   
Fokke   
Jochum   
Sypke   
Karste Lamke   
Jonge Jan   
Stammerige Harm   
Naam Locatie in Tekst
Wytfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
