Hoofdtekst
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst yn Den Helder. Dêr leinen twa ankers fan in skip. It iene woech sawnhûndert poun, it oare tûzen fjirtsjen. Dêr kom sterke Hearke oan mei in maet fan him. Doe sei dy maet tsjin Hearke: "Soenen wy dy út it sté krije kinne?"
"Noait," sei Hearke, "fiersto swier."
Sy biseagen de ankers ris en gongen doe de kaserne yn.
Mar Hearke gong dy jouns stikum ta de kaserne út.
Twa kammeraten folgen him, sûnder dat Hearke it fornaem.
Se seagen, dat er nei de ankers ta gong. Doe hied er om him hinne sjoen. Mar hy koe syn beide maten net sjen. Doe hied er 't iene anker optild, oan 't skouder ta.
Mar hokker, dat koenen se net sjen. Doe gong er wer nei de kaserne ta.
De oare moarns frege de overste: "Binne de minsken der allegear ôf?"
Hjerke lei noch yn 'e koai.
"Hjir bin 'k al", sei er.
"Hwa syn skuonsoallen binne dit?" frege de overste. "Dy haw ik foun by it greatste anker."
Doe kom de aep út 'e mouwe. Hearke hie skuon oan sûnder soallen. Dy wienen troch dat swiere gewicht fan it anker ûnder 'e skuon weibarst.
Hearke frege de overste of er by de tsjinst wei mocht, dan soed er it swiere anker om de hiele kaserne hinne tille. Mar dat woarde him net tastien.
Doe is er plysje woarn ûnder tsjinst. Hy wie doe noch in jongkeardel.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke is in dienst in Den Helder. Er liggen twee zware ankers van een schip. De ene weegt zevenhonderd pond, de andere duizend veertig. Hearke loopt er met een maat langs en zegt dat ze die nooit van zijn plaats kunnen krijgen. Maar 's avonds gaat hij stiekum de kazerne uit, zonder te weten dat zijn kameraden hem volgen. Ze zien hem een anker optillen, maar ze kunnen niet zien welk. Dan gaat hij terug naar de kazerne. De volgende morgen laat de overste twee schoenzolen zien die hij bij het grootste anker heeft gevonden, en vraagt van wie ze zijn. Zo komt de aap uit de mouw. Door het zware gewicht waren de zolen onder de schoenen van Hearke weggebarsten. Hearke heeft de overste gevraagd of hij uit dienst wegmocht, dan zou hij het zware anker om de hele kazerne heen dragen. Maar dat mocht niet.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 62, verhaal 10
Commentaar
2 juli 1966
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Den Helder   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21