Hoofdtekst
Yn 'e Harkema gong it drok op in lotsjen. Dat dienen se yn spitketen. It wie forbean en de burgemeester stjûrde Hearke der op ôf. Dy gong us nei sa'n keet ta dêr't se krekt oan 't lotsjen wienen. Mar hy gong der net yn. Hy hie in stok by him en mei dy stok makke er in gat yn 'e muorre fan seadden krekt op it plak dêr't in kast stie. Doe tikke er mei dy stok tsjin 'e kast oan. De mannen yn 'e keet hearden dat en woarden al hwat binaud. Ien gong der út om to sjen hwat it wie. Mar it wie roettsjuster en Hearke hâldde him forskûl. Doe't de man wer yn 'e plaggehutte wie, kom Hearke wer to foarskyn en bigong wer to tikjen mei de stok. Doe woarden se binne yn 'e keet sa bang dat sy stouden der allegear út. It doochde dêr net. Op dy wize makke Hearke in ein oan it lotsjen.
Beschrijving
In Harkema wordt druk gegokt in de plaggenhutten. De burgemeester stuurt Hearke erop af. Die gaat er met een stok naar toe. Hij maakt met de stok een gat in de muur precies op de plaats waar een kast staat. Hij tikt met de stok tegen de kast. De mannen in de hut gaan kijken, zien niets. Hearke klopt opnieuw met de stok. In de hut worden ze bang en gaan ervandoor. Zo maakt Hearke een eind aan het gokken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 65, verhaal 14
Commentaar
7 juli 1966
Naam Overig in Tekst
Haerke   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
