Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006710

Een sage (mondeling), dinsdag 12 juli 1966

Hoofdtekst

Der ried us in man hjir út 'e Wâlden wei nei Ljouwert ta yn in sjeas. Underweis, sahwat op Swarteweisein stie in boerespul mei de kont nei de wei ta. Dêr stienen trije man yn 'e skuorre to terskjen. 't Wie by 't winter.
Doe't it hynder oan dy skuorre ta wie, bigong it to steigerjen. De man lei de swipe al oer de rêch, mar it joech neat. It hynder gong gjin stap fierder.
Doe gong de man út 'e sjeas wei en doe seach er dat de trije man yn 'e skuorre stienen to laitsjen.
"Hwa fan jimme lapt my dit?" frege er har.
Mar doe bigongen se noch mear to laitsjen.
"Nou warskôgje ik jim foar 't lêst," sei de man, "siz my, hwa't it docht." Mar sy seinen neat en laken mar troch.
Doe gong dy man hinne en trape in speake út ien fan 'e fjilden. En doe't er dat die, foel de middelste fan 'e trije arbeiders dêr yn 'e skuorre samar dea del. Hy hie de nekke brutsen.
De man sei: "Ik hie jimme warskôge. Ik wist, dat ien fan 'e trije it dien hie."
Doe lei er de swipe oer syn hynder en ried er fierder.

Onderwerp

SINSAG 0666 - Zauberer bannt an den Ort.    SINSAG 0666 - Zauberer bannt an den Ort.   

Beschrijving

Een man uit de Wâlden gaat per sjees naar Ljouwert. In de buurt van Swarteweisein staat een boerderij daar staan drie mannen in de schuur te dorsen. Bij de schuur gaat het paard steigeren. De man slaat met de zweep maar het paard verzet geen stap meer. De drie mannen in de schuur staan te lachen. Herhaaldelijk vraagt de man wie hem dit geflikt heeft. De mannen lachen nog harder. De man gaat weg en trapt een spaak uit een van de wielen. Op hetzelfde moment valt een van de drie mannen dood neer. Hij heeft de nek gebroken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 67, verhaal 10

Commentaar

12 juli 1966
Zauberer bannt an den Ort & SINSAG 0780, Zauberer zwingt auf andere Weise, die Bezauberung fort zu nehmen.

Naam Overig in Tekst

Swarteweisein    Swarteweisein   

Naam Locatie in Tekst

Wâlden    Wâlden   

Ljouwert    Ljouwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21