Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006801

Een sage (mondeling), juli 1966

Hoofdtekst

Ruerd van der Veen koe mear as sljochthinne. Hy en syn wiif soenen us jounpraters ha, mar dêr gong in heftigen rûzje oan foarôf. As Ruerd lulk wie, die er it raer. Dan wie der gjin hûs mei him to hâlden en sloech er alles koart en klien. Sa hied er ditkear alle théguod oan diggels slein.
It stie der slim foar. It wiif skriemde, hwant der wie net in reauke yn 't hiele hûs mear hiel en dat wylst der praters op komst wienen.
Mar, doe't de bui by Ruerd hwat oerdreaun wie, fandele hy de diggels by elkoar. Hy makke hwat meneuvels mei de hannen en preuvele in mannich wurden. Doe stie it servys wer yn syn hiele hear en fear op 'e tafel.

Beschrijving

Een man heeft een buitengewone gave. Als hij ruzie heeft met zijn vrouw slaat hij al het theegoed kort en klein. Als de bui over is, verzamelt hij alle scherven bij elkaar, en na wat handbewegingen en prevelementen staat al het servies weer heel op tafel.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 68, verhaal 1

Commentaar

juli 1966 ?

Naam Overig in Tekst

Ruerd van der Veen    Ruerd van der Veen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21