Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006713

Een sage (mondeling), dinsdag 12 juli 1966

Hoofdtekst

Der wenne in timmerman yn 'e Hamsterheide, dat wie Ruerd van der Veen. Mike Ruerd seinen se altyd. Der wie gjin raerder yn 'e hiele Hamsterheide. Hy leaude oan gjin duvel noch syn moer en hy flokte om 't oare wurd. Hy biwearde, hy woe neat leaver of de duvel us sjen, en dan leafst yn 'e gedaente fan in moai frommes. Dan hie hy der èk noch hwat oan.
Op in kear doe wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Tsjin 'e joun, doe't it karweikjen dien wie soed er wer nei hûs ta. It bakje mei ridskip dat hied er op 't skouder.
Hy moest oer de Skelliger paden, it lân oer en oer in pear houtsjes, dy't oer de sleatten leinen.
Mar op ien fan dy houtsjes postuerde har in moai frommes. Sy stie der midden op, dat hy koe der net oer.
"Ut 'e wei", sei Ruerd. Mar it frommes steurde har net oan dy wurden. Sy lake him mar hwat oan. Doe sei Ruerd noch us: "Ut 'e wei!" Mar doe lake se noch mear.
"Astû foar den duvel net út 'e wei giest, dan slach ik dy dea", raesde Ruerd, en hy die in taest nei syn bakje mei ridskip. Mar foardat er har in terwinkel jaen koe, pakte it frommes him beet.
Sy nom him op 'e hannen en smiet him in ein tobek it lân yn. En doe skattere se krekt as in ekster.
Ruerd kom wer oerein en woe it frommes oanfalle. Sy stie noch krekt like bidaerd op itselde plak op it houtsje.
"Foar den duvel, sa bin 'k noch noait troch in frommes smiten woarn", sei Ruerd, en hy stuts de hannen nei har út.
Mar sy nom him noch us op har hannen en smiet him dizze kear mei safolle kracht del, dat hy rekke der fan bûten westen.
De oare deis is er krûpendewei thúskom mei in nekke as oars twa.
Syn wiif en dochter ha dy deis it ridskip ophelle, dat oeral forspraet lei.

Onderwerp

SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.    SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   

Beschrijving

Ruerd van der Veen is timmerman in Hamsterheide, zijn bijnaam is Mike Ruerd. Een rare kerel die zich nergens iets van aantrekt. Hij wil niets liever dan de duivel eens zien in de gedaante van een mooie vrouw. Hij werkt in het Bomkleaster. Als hij 's avonds naar huis gaat moet hij door het land, over planken die over de sloten liggen. Op een van die planken verspert een vrouw hem de doorgang. Hij waarschuwt haar uit de weg te gaan anders slaat hij haar dood en grijpt naar zijn gereedschapskist. De vrouw pakt hem beet en smijt hem het land in. Als Ruerd overeind komt en haar wil pakken, gooit ze hem met zoveel kracht neer dat hij bewusteloos raakt. De volgende dag is hij kreupel thuis gekomen. Zijn vrouw en dochter hebben het gereedschap opgehaald.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 67, verhaal 13

Commentaar

12 juli 1966
Kampf mit dem Teufel.

Naam Overig in Tekst

Ruerd van der Veen    Ruerd van der Veen   

Mike Ruerd    Mike Ruerd   

Skellig    Skellig   

Naam Locatie in Tekst

Hamsterheide    Hamsterheide   

Bomkleaster    Bomkleaster   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21