Hoofdtekst
Der wie in man, dy wie dôf. Mar dat woed er net foar in oar wite. Hy skripte hwat mei in stik hout om, dêr soed er in bilestok fan meitsje. Doe seach er, dat der in man stie dy't bot om him hinne seach. Dy man wie fordwaeld.
Hy tochte by himsels: "Nou komt dy man aenst by my en dan seit er tsjin my: Goe'n dei. En dan siz ik: Èk guon dei." Dan seit er: "Sille jo in stôk yn 'e bile sette?" Dan anderje ik: "Ja." Dan seit er: "Kinne jo my ek sizze, hwer't ik lâns mat nei G. ta?" Dan sil ik sizze: "Dan matte jo mar rjochtút rinne. Noch trije kertier, dan binne jo der."
Doe kom dy man by him. Hy frege: "Kinne jo my ek sizze hwer't ik lâns mat nei G. ta?"
"Goen dei", wie 't antwurd.
"Ja," sei dy oare, "dat hie 'k forgetten. Kinne jo my ek sizze, hwer't ik lâns mat nei G?"
"Ik soe in stôk yn 'e bile sette."
"Rin nei de hel, keardel!"
"Dan matte jo mar rjochtút rinne, noch trije kertier, dan binne jo der."

Beschrijving
Een man is doof. Hij ziet een andere man aankomen die verdwaald is en hij bereidt het gesprek voor om de man de weg te wijzen. Het gesprek verloopt echter heel anders en eindigt ermee dat hij de verdwaalde man de weg naar de hel wijst.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 68, verhaal 8
Commentaar
juli 1966 ?
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21