Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ007102

Een sage (mondeling), donderdag 28 juli 1966

Hoofdtekst

It gebeurde dat der op in boerespul op 'e joun in âld minske by de doar kom. Dy woe graech ûnderdak ha foar de nacht. Sy soe nei famylje ta, mar koe dêr net mear komme, it woarde to let.
De boer en boerinne brochten har yn 'e keamer en dêr krige se kofje en iten. Wy meitsje in bêd foar jo, sei de boerinne, dan kinne jo hjir fannacht útfanhûzje.
Doe't se sa in skoft byelkoar sitten hienen, woarde der wèr kloppe. De boer gong nei de doar ta en doe stie dêr in soldaet.
Wennet dy en dy hjir? frege de soldaet.
"Ja", sei de boer.
"Ik mat in pear dagen ûnderdak ha. Ik bin hjir hinne stjûrd. Jo hoege net bang to wêzen. It is goed folk en jo krije 't bitelle."
"Kom mar yn 'e hûs," sei de boer, "wy ha ek al in oare slieper."
De soldaet krige ek to iten en to drinken en doe sieten se hwat byinoar to praten.
Doe't it dy jouns tiid fan ôffuorjen wie, gong de soldaet mei de boer mei. Earst praetten se hwat oer 't fé ensa. Mar doe sei de soldaet: "De buorkerij kin my eins net folle skele. Mar ik ha hwat sjoen, dat jo miskien net sjoen ha. Jo miene, dat jo in âld minske yn 'e hûs litten ha, mar dat is sa net. Dat is krektlike goed in keardel as jo en ik. Ik kin jo it biwiis leverje. Ha jo apels?"
"Jawol", sei de boer.
"Dan matte jo ús aenst alle trije in apel tasmite. In man docht de skonken byelkoar as er in apel opfangt, mar in frommes slacht se fan inoar. Tink der mar ris om hwat dyselde aenst docht."
De boer smiet de lju de apels ta en it frommes sloech de skonken byelkoar. It wie in keardel.
De soldaet praette noch even allinne mei de boer.
"'t Hindert neat", sei er. "Ik rêd der wol mei. Ik meitsje in striepoppe en dy set ik by myn hynder del. Mar ik gean sels boven de hynstestâl aenst en dan sjoch ik wol hwat der gebeurt. Ik hâld it gewear laden."
't Woarde bêdgongerstiid. It 'froumins' woarde in bêd oanwezen yn 'e stâl.
"Hwer sille jo sliepe, soldaet?" frege de boer.
"Ik hingje altyd tsjin 't hynder oan. Jo hoeve foar my gjin bêd to meitsjen. It hynder is der oan wend, dat ik altyd tsjin him oanhingje."
It 'âld-minske' hearde al dy wurden.
De soldaet lei de striepoppe tsjin 't hynder oan en it like as wie alles doe yn 'e rêst. Mar nei in skoft kom it 'âld minske' út it bûthús wei. Sy tocht, dat se allegear slepten en sei: "Nou mat de soldaet der earst mar oan, dan haw ik rûmte." En sy skeat mei de revolver op 'e striepoppe. Doe sei se: "Dat is ien." Mar de soldaet hie syn gewear klear en skeat fuort dêrnei op 'har' en doe't se delfoel, sei er: "Dat is twa."
Doe rôp er de boer en de frou derby. Sy ûndersochten de keardel. Dy hie moardpriemmen en allerhande oar moardnersark by him.
Doe skeat de soldaet noch in pear kear. Doe kommen der guon opdaegjen, mar de soldaet skeat deselden dea, dy't forskynden. De oaren naeiden út. It wienen allegearre guon fan in roversbinde. Deselde dy't as frommes yn 'e hûs rekke wie, hie de overste west. Hy hie fan doel west, alles to formoardzjen en dan syn maten der yn to litten. Dan soenen se it hiele hûs plunderje.
De boer en de boerinne wienen de soldaet o sa tankber dat er har it libben ret hie.

Onderwerp

VDK 0958G* - De appelvangproef    VDK 0958G* - De appelvangproef   

ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.    ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.   

sinVDK 0958G* - Die Fangprobe    sinVDK 0958G* - Die Fangprobe   

Beschrijving

Een oude vrouw vraagt bij een boerderij om onderdak. Even later vraagt ook een soldaat om onderdak. De soldaat waarschuwt de boer dat het oude mens een man is. Als de boer haar een appel toegooit, slaat ze de benen tegen elkaar. Dat is het bewijs. Ze verzinnen een list. De vrouw krijgt een bed in de stal; de soldaat doet of hij bij zijn paard gaat slapen, legt daar een stropop, maar gaat zelf boven de paardenstal liggen. Na enige tijd komt de oude vrouw uit de stal en schiet op de stropop. Dan schiet de soldaat haar dood. Zij blijkt inderdaad een man te zijn met allerlei moordenaarsgereedschap op zak. Als de soldaat nog een paar keer schiet, komen de andere rovers van de bende tevoorschijn. Ze worden doodgeschoten; de anderen gaan er van door.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 71, verhaal 2

Commentaar

28 juli 1966
De appelvangproef

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21