Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ007217

Een sage (mondeling), maandag 25 juli 1966

Hoofdtekst

Der wie us in hottentot. (In hottentot is in lyts keardeltsje, dat ûnder tsjinst is), dy koe de reis net mear dwaen nei Ljouwert ta. 't Wie al let op 'e joun, dat hy tochte, doe't er oan it Barrahûs ta wie: Hjir klopje ik oan.
De boer sei: Jo kinne hjir fannacht wol bliuwe. Doe't se in skoft byelkoar sitten hienen, woarde der wer kloppe. Doe liet de boer der in âld wyfke yn. Dat gong ek by har sitten. Hja sei, hja koe de reis net mear dwaen nei Ljouwert ta en woe dêr dy nachts graech bliuwe. Nou, dat mocht wol.
Mar dy Hottentot fortroude de saek net rjocht. Doe't de boer even nei 't fé ta gong, gong hy mei. Hy sei: "Boer, ik warskôgje jo. Dat âld wyfke kin wol us kwea yn 't sin ha. Ik leau, dat it in keardel is. Ha jo apels?"
"Jawol."
"Dan matte jo ús elk in apel tasmite. As it in frommus is, dan docht hja by it heinen fan 'e apel de skonken fan elkoar."
De boer helle hwat apels út it skuorke en smiet elk in apel ta.
Doe die it 'âld wyfke' de skonken nei elkoar ta. 't Wie dus in keardel.
De hottentot sei: "Ik sliep yn 'e hynstestâl by 't hynder." Hwant hy wie dêr mei in hynder kom. Doe krige er gau in bosk strie, dêr die er in jas oerhinne en de holle bistoppe er hwat. Dy strieman lei er njonken 't hynder del en sels gong er yn 'e krêbbe sitten. In skoft letter, dêr kom de bandyt oan.
"Dat is ien", sei er, en doe sloech er mei in grouwe kneppel de strieman op 'e kop.
Mar de Hottentot hie syn sabel al lutsen en sei: "Dat is twa", en doe sloech er dy bandyt de kop yn.
Doe gong er nei de boer ta.
Dy wie och sa bliid, hwant oan 'e hottentot hied er syn leven to tankjen.
Ut tankberens liet er in beeld meitsje fan de hottentot op it hynder en dat kom op it hiem to stean.
En dat stiet der nou noch altyd. (ûnder Wurdum)

Onderwerp

VDK 0958G* - De appelvangproef    VDK 0958G* - De appelvangproef   

ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.    ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.   

sinVDK 0958G* - Die Fangprobe    sinVDK 0958G* - Die Fangprobe   

Beschrijving

Een hottentot, een klein mannetje dat onder dienst is, kan niet meer naar Leeuwarden reizen. Hij vraagt bij een boerderij om onderdak. Even later klopt er een oud vrouwtje aan die ook wil blijven slapen. De hottentot vertrouwt de zaak niet; hij denkt dat ze een man is. Als de boer de proef met de appels doet en het vrouwtje bij het vangen de benen bij elkaar brengt in plaats van uit elkaar, zoals vrouwen plegen te doen, is het bewijs geleverd. Ze verzinnen een list. De hottentot legt een stropop neer op de plaats bij zijn paard waar hij zou slapen en gaat zelf ergens anders liggen. Even later slaat de vermomde bandiet de stropop met een knuppel op de kop. De hottentot doodt de bandiet met een sabel. De boer laat uit dankbaarheid een beeld maken van de hottentot op het paard en plaatst dat op de boerderij. Het staat er nog altijd (onder Wirdum).

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 72, verhaal 17 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

25 en 30 juli 1966
De appelvangproef

Naam Overig in Tekst

Barrahuis    Barrahuis   

Naam Locatie in Tekst

Leeuwarden    Leeuwarden   

Wirdum    Wirdum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21