Hoofdtekst
It is achter Ljouwert gebeurd op 'e klaei. 't Wie op 'e joun. De faem moest op 't hûske. Dat stie bûtendoar. Wylst se dêr siet gongen der guon oer de achterhûsstrjitte. Hja gong hiel sunich oer de achterhûsstrjitte wer ta de achterdoar yn. Doe gong se nei foaren ta en sei: "Tink der om, der binne rovers om 't hûs hinne."
Sy fandelen alle sjitark byelkoar, de boer, de boerinnne en de soannen en der woarde al in pear kear sketten. De faem lange it krûd oer.
Doe sei de faem ynienen: "O heden boer, it krûd is op." Dat hearden de rovers. Doe ha dy mei in peal de doar der út raemd. De boer en syn folk gongen nei 't hea en lieten har tusken de heafekken sakje. It jild en de kostberheden hienen se by har.
Mar sy koenen dêr noait wer wei komme. Se sieten dêr de hiele nacht.
De oare moarns bitiid kom de arbeider. Alles wie forinnewearre. Hy hie fuort yn 'e gaten dat der rovers west hienen.
"Leve jimme noch, of binne jimme dea?" rôp er.
Doe kommen der lûden út it hea wei. "Wy leve noch, seinen se, mar dû matst ús hjir wei helpe."
Doe hat de arbeider har forlost.

Beschrijving
Een boerin hoort als ze buiten op de WC zit dat er rovers om de boerderij heen lopen. Ze gaat voorzichtig naar binnen en de familie verzamelt al het schiettuig dat in huis is. Als de rovers de vrouw horen roepen dat het kruit op is, rammen ze de deur in. De boer en zijn gezin zitten dan intussen met al hun geld en kostbaarheden in het hooi, waar de knecht hen de volgende dag komt verlossen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 72, verhaal 18
Commentaar
25 en 30 juli 1966
Naam Locatie in Tekst
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21