Hoofdtekst
Tsjerk Wetterrot hat hjir froeger yn in hoale wenne. Dêr lei strie yn en der stie in bank yn. Tsjerk libbe fan stellen en roven. Hy troude mei Lisk. Sy hienen it goed. Der wie in tonne mei fleis, in protte jirpels en sy hienen sinten genôch. Dat hie Tsjerk allegear roofd. Hy gong der faek mei syn broer op út to roven.
Op in kear siet de nachtwacht him op 'e hielen. Doe hied er krekt in tange by in boer út 'e hutte pakt. Doe't de nachtwacht oan him ta wie, sloech er dy mei de tange foar de holle. De nachtwacht wie fuort kroandea.
Hy en syn broer stielen rounom de hunich út 'e bijekuorren wei. Ek stielen se faek skiep. Dat ha se ek ris dien to Greategast. Doe hellen se de hynders út it lân wei en dêr smieten se de skiep bovenop en sa rieden se dan hjir hinne. dat hienen se wol faker by de ein.
Mar op in kear, dat wie dus to Greategast, kom in boer, hwaens hynders se út it lân helle hienen, hwat let út in forgadering wei. Doe seach dy boer dat der twa fremde mannen op syn hynders sieten. Hy rôp: "Dat zijn mijn paarden!" Mar Tsjerk en syn broer seinen neat. Sy joegen de hynders de spoaren en rieden troch.
Doe't se hjir oan ta wienen, nommen se de drinten fan 'e hynders en jagen doe de hynders werom.
Op in kear soenen se drinten stelle by in boer út it hok. Mar dy boer dy hie krekt bisite. En wylst dy boer syn bisite op 'e lette joun noch even syn drinten sjen litte soe, stie Tsjerk dêr yn it hok. Tsjerk woarde dêr attrappeard. Mar hy snapte gau in drint en smiet de boer mei dy drint ûndersteboven. En doe makke er dat er fuortkaem.
Doe roan er de lannen yn. Hy woe ergens skiep pakke.
Mar doe kom der hwat boven him sweven en in stim fan boven sei: "It giet joun oer!"
Tsjerk wie forstuivere en sei: "Hwer moat ik hinne?"
Doe sei dyselde stim: "Skeanoer, dêr't de ljochtsjes brânne, dêr mast op ta."

Beschrijving
Een rover woont in een hol en heeft het goed, 's Nachts gaat hij met zijn broer uit stelen. Eenmaal doodt hij een achtervolgende nachtwaker. Hij gaat vaak honing stelen, en hij steelt ook paarden en schapen. Op een keer had hij weer een schaap over een paard gehangen en was weggereden. De boer herkende onderweg zijn paarden. Bij aankomst bij het rovershol stuurde de rover de paarden terug. Hij wordt ook eens betrapt bij een poging schapen uit een stal te stelen. Hij kan ontvluchten omdat hij de boer met een schaap omver gooit. Op een avond krijgt de rover van een stem uit de lucht te horen dat het afgelopen is.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 77, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
25 mei 1966
Naam Overig in Tekst
Tsjerk Wetterrot   
Lisk   
Greategast   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21