Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ007919

Een sage (mondeling), zondag 07 augustus 1966

Hoofdtekst

In sekere Houwink roan us fan Garyp nei Aldegea ta. Doe't er oer 't brechje hinne wie seach er, dat der ien foar him op roan. 't Wie in manspersoan. Hy sei: "Wachtsje us even!" Mar dy oare wachte net en sei neat werom. Doe rôp er hwat lûder: "Wachtsje us even!" In pear kearen rôp er dat, mar it joech him neat. Doe raesde er: "Wachtsje, duvel!"
Doe bleau dy oare stean.
Hy sei: "Hwerom wachtestû net?" Mar dy oare sei neat. Hy gong stadich nei Houwink ta en kom sa ticht by him, dat dy moest oan kant. Op it lêst hied er him oan 'e kant fan 'e sleat. Doe sei H : "Dû kinst wol hwat òm gean. Dû hast dêr rûmte genôch."
Doe pakte dy oare him beet en slingere him oer de wâl hinne.
H. klaude oerein en sei: "Dat hastû dien, smarge duvel!"
Mar doe't er dat sein hie, smiet de duvel him noch helte fierder fuort. Doe koe de man letter net mear gean, sa bot wie syn rêch biseard woarn. Sûnt dy tiid hat er altyd krûpe matten.

Onderwerp

SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.    SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   

Beschrijving

Een zekere Houwink liep eens van Garijp naar Oudega. Voorbij een brugje liep een man voor hem uit. Hij riep hem een paar keer toe te wachten. Toen de ander niets terugzei, riep hij kwaad: "wacht, duivel!" Toen bleef de ander staan en kwam langzaam steeds dichter naar hem toe, zo dicht dat Houwink aan de kant moest tot aan de slootkant. Op het laatst pakte hij Houwink beet en slingerde hem over de wal. H. klauterde overeind en zei: "dat heb jij gedaan, smerige duivel!" Toen smeet de duivel hem nog veel verder weg. Sinds die tijd kon H. niet meer lopen, zo ernstig waren zijn botten en rug bezeerd.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 79, verhaal 19

Commentaar

7 augustus 1966
Kampf mit dem Teufel.

Naam Overig in Tekst

Houwink    Houwink   

Naam Locatie in Tekst

Garyp [Garijp]    Garyp [Garijp]   

Aldegea [Oudega]    Aldegea [Oudega]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21