Hoofdtekst
Dy feint út Kollum wie mei de helm geboaren. Doe't er mei syn faem troude kommen se earst by syn heit yn Kollum yn to wenjen. Dêr krigen se in bern.
Op in kear stienen hy en syn heit foar 't finster. Doe sei er tsjin syn heit: "Wol heit dêr even wei gean?" Doe't syn heit dat die, sei er even letter: "Nou kin heit der wol wer stean gean."
Doe joech er de forklearring. "Wy hâlde ús berntsje net," sei er. Ik seach hjir guon lâns gean, dy droegen in kistke, dêrom sei 'k tsjin heit of heit dêr even wei gean woe. Doe brochten se it kistke hjir yn 'e keamer. Sjoch," sei er, "dêr komt it to stean. Dêr ha se it delset.
It is krekt sa kom as hy it sjoen hie. In dei of hwat letter is it berntsje stoarn en it kistke setten se del op it plak, dat hy syn heit doe oanwiisd hie.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een man uit Kollum is met de helm geboren. Als hij eens met zijn vader voor het raam staat, vraagt hij deze even opzij te gaan. Later legt hij uit dat zijn kind dood zal gaan. Hij heeft mensen zien binnenkomen die een kist in de kamer hebben neergezet. Een paar dagen later is het kind gestorven en de kist is op dezelfde plek neergezet waar hij hem al had zien staan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 81, verhaal 4
Commentaar
10 augustus 1966
Leichenzug gesehen & TM 2901: Helmdragers
Naam Locatie in Tekst
Kollum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21