Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ008105

Een sage (mondeling), woensdag 10 augustus 1966

Hoofdtekst

Froeger wenne hjir in âld man, dy hiet fan Knjillis. Dy moest alles sjen. As er op bêd lei moest hy der faek út. Op in kear, doe moest hy der wer út, hy moest wer hwat sjen. Mar hy koe yn 't tsjuster noait sa gau de klean oankrije, dat doe smiet er mar in wyt lekken om him hinne en sa roan er de wei út.
It wie sahwat healwei fjouweren yn 'e moarn. In arbeider hjir yn 'e Bosk, moest nei de boer ta. Dy waerd rare kjel, doe't er Knjillis yn in wyt lekken seach. Hy sei: "Hwat dogge jo hjir?" "Ik koe de klean sa gau net oan krije," sei Knjillis, doe ha 'k it lekken mar omdien. Ik moest hwat sjen." Hast alle nachten roan er út bêd wei. Soms moest er wit hoe fier rinne. 't Is noch mar even lyn, dat er dat noch die. Hy is in jier of hwat dea.

Beschrijving

Een oude man moet er 's nachts vaak op uit om iets te zien. Eens wordt hij met een wit laken om aangetroffen door een vroege arbeider. Hij had zo snel zijn kleren niet aan kunnen krijgen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 81, verhaal 5

Commentaar

10 augustus 1966

Naam Overig in Tekst

Knjillis    Knjillis   

Bosk [Zwagerbos]    Bosk [Zwagerbos]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21