Hoofdtekst
Der wie in boer, dy hie trije feinten. Dy slepten alle trije yn 't bûthús. As se even lein hienen, dan kamen der in stik of hwat katten oer de tellegong yn 'e skuorre en dy makken dêr in stik leven, dat sy koenen der amper fan sliepe.
De trije feinten woenen wol us wite hwat dat eins wie en dêrom praetten se ôf, ien fan har soe op in nacht op it hea sliepe. Sy retten der om hwa't dat wêze soe, en doe woarde it de jongste. Dat wie de skiepmelkersjonge. Dy moest op it hea sliepe.
Dy jonge nom in heafoarke mei.
Doe't de katten wer oer de skuorre kommen en leven makken, smiet hy der mei de foarke nei. Hy wist, dat er ien rekke hie.
It wie altyd de gewoante dat de boer de feinten moarns rôp. Mar de oare moarns rôp de boer har net, mar de boerinne.
Dat founen de feinten frjemd. Doe't it thétiid wie fregen de feinten: "Hwer is de boer?"
"Dy leit op bêd," sei de boerinne, "dy hat it yn 't skouder."
Doe wie de saek dúdlik. De skiepmelkersjonge hie de boer rekke doe't dy him yn in kat foroare hie. De boer wie in tsjoender. Hy hie in gatsje yn 't skouder.
Doe sei de lytsfeint: "Ik wol hjir net langer wêze" en hy is fuort gong.

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Drie knechten slapen bij een boer in de schuur. 's Nachts komen er katten de schuur in die een hoop lawaai maken. Op een nacht gaat een van hen, de jongste, de schaapmelkersjongen, met een hooivork op wacht zitten. Als de katten binnenkomen en lawaai beginnen te maken gooit hij de hooivork naar ze toe. Een van de katten wordt geraakt. De volgende dag worden de knechts door de boerin gewekt in plaats van door de boer. De boer heeft last van zijn schouder. Het is de boer die door de hooivork geraakt is. Hij is een tovenaar.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 81, verhaal 15
Commentaar
10 augustus 1966
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21