Hoofdtekst
Froeger wie hjir yn Sweagerbosk faek tsjoenderij. Hjir ha minsken wenne, dy krigen in lytse poppe. Dat bern bigong to sukkeljen. Doe gongen de âlden nei de duvelbander ta. Dat wie Jonge Jan fan it Wytfean. (Dêr gongen in protte minsken hinne) Doe ha se it bêd iepen makke. Dêr sieten twa krânsen yn, dy wienen hielendal klear. De trêdde in stik hinne. As se alle trije klear west hienen hie 't bern dea west. De krânsen woarden forbrând. Doe kom der in âldwiif ta de keamer yn, dy sei: "Jimme jowe my de skuld tink. "Dat wie de tsjoenster.
"Ja," seinen se.
"Dat tocht ik al," sei se. Doe gong se wer fuort. It minske gong foar in tsjoenster troch.
"Ja," seinen se.
"Dat tocht ik al," sei se. Doe gong se wer fuort. It minske gong foar in tsjoenster troch.
Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een kind in Zwagerbos wordt ziek. De ouders bezoeken de duivelbanner. Bij het openmaken van het bed vinden ze twee kransen die klaar zijn en een derde die bijna klaar is. Als ze alle drie klaar geweest zouden zijn, was het kind dood geweest. De kransen worden verbrand. Dan komt er een oud wijf de kamer in, dat vraagt of ze haar schuldig achten. Dat is zo. Het mens ging door voor een heks.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 81, verhaal 14
Commentaar
10 augustus 1966
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Jonge Jan   
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk   
Zwagerbos   
Wytfean   
Witveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
