Hoofdtekst
Ruerd van der Veen, dat wie de pake fan myn wiif. Dat wie de duvel gelyk en in minnen ien. Skoanheit - dat wie ek in Ruerd van der Veen - wie trouwens neat better. Pake Ruerd wie by 't timmerjen. Op in kear timmere hy op it Bomkleaster. Hy soe de jouns nei hûs ta. It bakje mei ridskip hied er op 't skouder. Hy moest oer in houtsje. Doe stie dêr in frommes op mei hiel lange rokken oan.
Navend, sei er.
Hja sei neat.
Hy sei foar de twadde kear: Navend.
Mar hja sei wer neat.
Doe sei er foar de trêdde kear: Navend.
En hy sei der achteroan: "Nou silst sprekke, as bist de duvel ek."
Mar doe hat it frommes him opnom en him smiten. Net sunich, hwant hy hat der in wike fan op bêd lein. Skoanheit en dy ha de oare deis it timmerark ophelle.
Navend, sei er.
Hja sei neat.
Hy sei foar de twadde kear: Navend.
Mar hja sei wer neat.
Doe sei er foar de trêdde kear: Navend.
En hy sei der achteroan: "Nou silst sprekke, as bist de duvel ek."
Mar doe hat it frommes him opnom en him smiten. Net sunich, hwant hy hat der in wike fan op bêd lein. Skoanheit en dy ha de oare deis it timmerark ophelle.
Onderwerp
SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   
Beschrijving
De grootvader en de vader van de vrouw van de verteller zijn slecht als de duivel. De grootvader is na een timmerklus eens op weg naar huis. Ineens staat er een vrouw met lange rokken aan op een stapel hout. Hij groet tot drie keer toe, maar ze zegt niets terug. Hij wordt kwaad en vloekt: 'nu zal je wat zeggen, ook al ben je de duivel'. Dan pakt de vrouw hem op en smijt hem weg. Hij is er een week lang ziek van.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 90, verhaal 7
Commentaar
17 augustus 1966
Kampf mit dem Teufel.
Naam Overig in Tekst
Ruerd van der Veen Sr. [   
grootvader van de vrouw van Hendrik Elzinga]   
Ruerd van der Veen Jr. [   
schoonvader van Hendrik Elzinga]   
Bomklooster   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21