Hoofdtekst
Der wie jounpraterije by de boer. It gong der fleurich om ta en de praters woarden fol traktearre. De lytsfeint siet ek yn 't formidden. Dy woenen se bang meitsje. Se seinen tsjin him: "Dû krijst fan ús allegear in kwartsje, astû nou nei 't tsjerkhôf ta giest en in deabonke hellest út 'e bientsjekou."
De lytsfeint nom it fuortdaliks oan en gong op stap. Mar se hienen al ien nei de bientsjekou tastjûrd mei in wyt lekken om. Doe 't de lytsfeint kom stie dyselde dêr as in spoek. Mar de jonge steurde him der net oan. Hy pakte in bonke. Mar doe sei it spoek mei in raer lûd: "Dat is in bonke fan myn pake."
De lytsfeint pakte in oare bonke.
Doe woardde der sein: "Dat is in bonke fan myn beppe."
De lytsfeint smiet de bonke wer del en socht in oaren út.
Doe sei it spoek: "Dat is in bonke fan myn omke."
En even letter wie 't in bonke fan syn muoike.
Doe sei de lytsfeint: "It kin my foar den donder ek neat skele hwa sinen dat it binne, ik mat in bonke ha."
En hy naeide mei in bonke út. Doe 't er thûs kom lei er de bonk op 'e tafel.
Hy sei: "It is dêr yn dy bientsjekou allegear famylje fan elkoar."
Mar hy krige syn kwartsjes.

Onderwerp
VDK 1676D* - Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."
  
ATU 1676D - “That’s my Head!”   
sinVDK 1676D* - Der Gang zum Knochenhaus um einen Totenkopf zu holen.   
Beschrijving
Jongen gaat weddenschap aan dat hij een knekel uit het knekelhuis durft te halen. Iemand staat er met een wit laken als spook die bij elke knekel zegt van wie die is. De jongen stoort zich er niet aan en neemt een knekel mee.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 99, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
21 september 1966
Schedel halen uit het knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd!"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21