Hoofdtekst
Us Boardzer kaem op in nacht thús, doe stienen de finsters by ús opskoud en de gerdinen wapperen nei bûten ta.
Doe't hy der yn kaem, seach er yn in hoeke fan 'e keamer syn jongste broerke yn in deakistje lizzen. Dat wie allegear foartsjirmerije. Mar it bern wie doe al siik. Gauachtich dêrnei is it stoarn.
Boardzer hie it net tsjin ús mem sein omt er har net treurich meitsje woe en fan 'e wize bringe. Mar doe't it bern goed en wol dea wie, sei er: "Och mem, dat ha ik al lang witen dat jimme dat bern misse moesten. Ik hie syn lykje al yn 't kistje sjoen."

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een jongen kwam op een nacht thuis. De vensters waren opengeschoven en de gordijnen wapperden naar buiten toe. In de hoek van de kamer zag hij zijn jongste broertje in een doodskistje liggen. Dat was toverij. Het kindje was toen wel al ziek en is gauw daarna gestorven. De jongen had niets tegen zijn moeder gezegd, om haar niet verdrietig te maken. Maar toen het kindje dood was, zei hij tegen haar dat hij het al had geweten, omdat hij het lijkje in een kistje had gezien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 112, verhaal 5
Commentaar
1 oktober 1966
Der Sarg gesehen
Naam Overig in Tekst
Boardzer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21