Hoofdtekst
Doe't ús mem yn 'e Westerein wenne, wie der in âld man by har yn 'e kost. Dy moest der nachts faek ôf. Dan moest er in lykstaesje sjen.
Hy wie al sa âld en sa minnichjes, dat hy koe hast net mear út bêd wei komme.
"O Klare, Klare," sei er dan, "ik mat wer fuort." Dan stie er op syn skonken to triljen. Hy woarde dan oer hagen en oer hekken hinne smiten om mar op tiid by de lykstaesje to wêzen. Mar hy kaem noait to let.
Op 't lêst koed er bislist net mear. Mar hy moèst, sa sieten se him achter. Neffens my wie dat de kweade, dy't him achter siet.
Doe smeke er Fedde, dat wie mem har twadde man, as dy foar him bidde woe, dat hy der net mear achteroan hoefde. Hwant hy sei: "Ik ha gjin duer en ik kìn net mear."
Fedde hie wol hwat forstân fan bidden en doe is dy âld man dan forlost. It wie de duvel, dy't him oer hagen en hekken hinne smiet.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een oude man was bij een echtpaar in de kost. 's Nachts kwam hij vaak zijn bed uit omdat hij dan lijkkoetsjes moest zien. Naarmate hij ouder werd, kostte het hem steeds meer moeite. Hij werd dan door de duivel over hagen en hekken gesmeten om maar op tijd bij de lijkkoetsjes te zijn. Hij kwam nooit te laat. Toen hij echt niet meer kon, heeft hij het echtpaar gevraagd om voor hem te bidden. De man had wel wat verstand van bidden en toen is de oude man verlost.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 112, verhaal 6
Commentaar
1 oktober 1966
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
Klare   
Fedde   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21