Hoofdtekst
Us Antsje (Veenstra; neamd nei Antsje Snipel) wie op in moarn ier en bitiid achter hûs yn 'e tún. De eksters hienen har wekker makke. Dy skatteren dat it hwat die en sy fottelen mar fan 'e iene doar nei de oare. Antsje tochte: dit is in min teken.
Doe gong de doar by de buorlju iepen en de dochter Anne kom der út. It wie in great fanke, sy wie krekt út bêd.
"Hwat binne jo bitiid op 'e tún, Antsje", sei se.
"Ja," sei ús Antsje, "en ik ha noch neat dien."
"Hwat dogge jo dan bûten?"
"Ik ha de eksters sjoen. Dy sieten hyltyd yn 'e finsterbanken. Dat wiist op in sterfgefal."
"Dy't it earst ta de doar út komt, dy sil 't wêze, sizze se."
"Dan bin ìk dat", sei Antsje. "Ik wyt wol, in jongen-ien kin stjerre en in âlden mat stjerre, mar ik hoopje dêrom net dat ik it bin."
In skoftsje letter rekke Anne nei har suster ta útfanhûs. Dat wie Fokje. Wylst se dêr wie rekke Fokje har man ta de doar út om nei 't wurk ta.
"Och heden," sei Fokje, "nou hat myn man de broek forgetten dy't er yn 't wurk oer de oare hinne ha mat."
Doe sei Anne: "Ik sil him de broek wol gau even achternei bringe."
Hja hie him al ynhelle en soe him de broek tarikke, mar hja kom to stroffeljen en foel rjochtút oer de wei en wie opslach dea.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een vrouw wordt 's morgens vroeg wakker en gaat de tuin in. Als haar buurmeisje vraagt waarom ze zo vroeg op is, zegt ze dat de eksters in de vensterbank haar wakker hebben gemaakt. En dat duidt op een sterfgeval. Het buurmeisje zegt: "De eerste die uit de deur komt, die zal het wezen, zegt men." De vrouw zegt dat ze hoopt dat zij het niet zal zijn.
Even later gaat het buurmeisje naar haar zus. De man van haar zus is zijn werkbroek vergeten, en het meisje brengt hem die achterna. Ze had hem al aangehouden, toen ze struikelde en rechtuit op de straat viel. Ze was op slag dood.

Bron
Corpus Jaarsma, verslag 112, verhaal 7
Commentaar
1 oktober 1966
Andere Todesvorzeichen.
Naam Overig in Tekst
Antsje Veenstra   
Antsje Snipel   
Fokje   
Anne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21