Hoofdtekst
Der wie in faem, dy tsjinne. Dy sei us in kear: "Ik wol joun in feint ha. 't Kin my neat skele hwa. As wie 't de duvel ek."
Doe't se de jouns it iten op hienen, kom der in menearke oan, dy gong moai yn 'e hoeke sitten.
Doe kom de frou by de faem en sei: "O heden, fanke, hwat hastû hjoed sein!"
Doe sei de faem de wurden dy't se sprutsen hie.
"Nou," sei de frou, "de duvel sit yn 'e hoeke op dy to wachtsjen. Nou bistû joun de dupe."
Doe earmoede de faem: "O heden frou, hoe mat ik hjir mei oan?"
Doe sei de frou: "Dû mast alle smarge itensboarden opstapelje en mei dy stapel mast lyk foar him stean gean en dan mast freegje: "Dogge jo sa lang tiid oant dizze boarden omwosken binne?" Dan seit er "Ja", en dan litst de boarden lyk foar him yn diggels delfalle. Dan kin er lang wachtsje."
De faem die it. Sy liet alle boarden yn grús falle en doe fleach de duvel gleon ta de skoarstien út.

Onderwerp
AT 1187* - Unfinished Work   
ATU 1187* - Unfinished Work.   
Beschrijving
Een serveerstertje wil voor de avond een man hebben. Het maakt niet uit wie, desnoods de duivel, aldus het meisje. Prompt verschijnt de duivel in de gedaante van een klein mannetje. Hij gaat aan een tafeltje op het meisje zitten wachten. Het meisje ziet dat het de duivel is en raakt in paniek. De bazin raadt haar aan met een enorme stapel vuile borden voor de duivel te gaan staan en te vragen of hij op haar wil wachten tot ze de afwas gedaan heeft. Als de duivel hier bevestigend op antwoordt, moet ze de stapel borden voor zijn neus op de grond laten vallen zodat hij wel heel lang zal moeten wachten. Het meisje volgt de raad op en de duivel vliegt temidden van de scherven door de schoorsteen naar buiten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 115, verhaal 10 (archief MI)
Commentaar
10 oktober 1966
Unfinished Work
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21